Briefkje (73): Nijsgjirrigens kin ek in deugd wêze

july 11, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op it brief fan Ed Knotter.

Bêste Ed,

Moatte we ús drok meitsje om taalflaters as we dochs wol begripe wat de skriuwer of sprekker bedoelt? Dêr gie it dy ferline wike yn dyn brief om. Doe’t ik dat lies kaam my in ferslach yn it sin dat ik de wyks dêrfoar earne lêzen hie. Yn in ynterview hie in achtenearre bestjoerder in pear kear it wurd tegearre brûkt, wylst er mei-inoar bedoelde. Dat wie út de kontekst op te meitsjen, want hy doelde net op ‘himsels en noch ien’, mar op ‘wy as befolking mei-inoar’. De ferslachjouwer naam dy flater letterlik oer. Miskien die er dat bewust om de bestjoerder gjin wurden yn ’e mûle te lizzen dy’t er net sein hie. It wol my net oan dat it er die om de lêzers troch te dwaan dat de bestjoerder it Frysk net al te goed behearske.

Sjoernalisten en tekstskriuwers leare dat yn ferslaggen en berjochten minimaal ien sitaat stean moat. Dêr wurdt de tekst sterker fan, wurdt sein. Dat mei wier wêze, mar as yn sa’n sitaat in taalflater of in ûngelokkige formulearring foarkomt, draacht dat oan dy sterkte net by. As ik sa’n ferslach skriuwe moast, soe ik de sprekker yn sa’n gefal net letterlik mar yndirekt sitearje. Sokssawat as: ‘de boargemaster wie fan betinken dat it de taak fan alle ynwenners is om ta in humaner klimaat te kommen.’ Sa wurdt de bedoeling fan de sprekker werjûn. Bisto it mei my iens dat soks better en earliker is as it bewust fersprieden fan taalflaters? Want, tink ik dan, wat faker harkers en lêzers flaters hearre en sjogge, wat mear oft se dêroan wenne. Dan wurde se stadichoan akseptearre as geef Frysk.

It wurdt wol hiel slim as in foar de Fryske kultuer belangrike funksjonaris him sokssawat ûntfalle lit as: “Wy moatte de keunstner bewûnderje bliuwe” en in krante nimt dat letterlik oer, ja ferheft dy útspraak sels ta kop fan in artikel. Soks docht my sear oan ’e eagen en ik hoopje dat it in protte lêzers sa ek fergiet. Dat letterlik sitearjen haw ik myn miening al oer jûn. Yn in kop boppe in stik mei koweletters in flater fan komsa publyklik meitsje, dát is dochs gjin sjoernalistike plicht? Of wit de sjoernalist net – wat in protte Fryskpraters wol witte of oanfiele – dat ‘bliuwe’ sa net mei in oar tiidwurd ferbûn wurde kin? Wy sizze net “Ik bliuw dêr sliepen”, mar “Ik bliuw dêr te sliepen” en net “Geane jimme fytsen?”, mar “Geane jimme te fytsen?”, want ‘bliuwe’ en ‘gean’, dêr is wat mei. As it net mei ‘te’ op te lossen is, dan betinke we wol wat oars. Dy kop hie mei in lichte oanpassing gever wurde kinnen: ‘Wy moatte de keunstner bliuwend bewûnderje’ of ‘Lit ús de keunstner aloan wer bewûnderje’, om fan dat ferplichtsjende ‘moatten’ ôf te wêzen. Wy moatte neat, mar geef Frysk brûken wurdt wol tige op priis steld! As wy trochgeane mei sokke flaters, ferwurdt it Frysk ta in nuveraardich dialekt fan it Hollânsk.

Ik kom op dyn fraach fan ferline wike werom, Ed: ‘Taalflaters, om glimkje of om gûle?’ Myn antwurd kinst wol riede: it lêste. Glimkje om flaters, sa fan ‘och, hy wit net better, mar ik begryp wol wat er bedoelt’, helpt it Frysk noch mear yn ’e nederklits. Utlaitsje is net goed, dêr hat gjinien wat oan. It ferbetterjen wurdt ús kwea ôf nommen. Bliuwt oer: it goede foarbyld jaan en besykje om oaren nijsgjirrich nei it taaleigene te meitsjen.

En no’t ik dochs op dyn brief werom kom, moat ik noch wat kwyt. Ik waard nijsgjirrich nei ‘it ferskil meitsje’. Hoe komme we oan dy útdrukking? Dêr is op it ynternet fan alles oer te finen. Moai wis is it de letterlike oersetting fan de Ingelske útdrukking ‘make the difference’. Dy betsjut: wês belangryk, doch derta! Miskien fertel ik dy gjin nijs, mar ik wist dat net en ik bin bang dat in protte minsken dat net witte. It gefal is te ferlykjen mei ‘that’s another cook’ fan Louis van Gaal.

Mei freonlike groetnis,

Jan

july 11, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. D. Bliuwstra july 12, 09:15

    Jan hat folslein gelyk. Beskamsum dat sa’n krante (LC) sa ûnferantwurdlik mei it Frysk omgiet. Ik haw der likegoed argewaasje fan.

  2. jaspersanderfrl july 14, 01:42

    No, sa út en troch wat ferbetterje soe doch ek kinne moatte? As ‘nije Fryskprater’ wurdt it wol hiel dreech om de taal goed oan te learren as elkenien my mar allegearre ûnsin útslean lit.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.