Briefkje (72): Taalflaters, om glimkje of om gûle?

july 4, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op it foarich brief fan Jan Breimer.

Bêste Jan,

myn prakkesaasjes oer it útsprekken fan jiertallen – twa trijentweintich foar 2023 soe hiel normaal wêze moatte – wie yndied mar in útstapke. De prognoaze fan taalkundige Joop van der Horst is net rjocht útkommen. It giet de measten miskien wol krekt sa’t dichter Arjan Hut it oanfielt: 2000 heart noch altyd as takomst. Yn in berneboekje lies ik datst fan getallen wurden meitsje kinst, mar fan wurden gjin getallen. Wurden kinne dus wat mear as getallen, wie de konklúzje en dêrom moatte wy it mar by taal hâlde. Dêr is it yn ús briefkjen om te rêden en dat is bytiden dreech genôch. Taal as middel om inoar en de wrâld om ús hinne te begripen. Yn dyn brief fan 13 juny seach ik it probleem fan ynkonsekwinsjes yn de taal dy’t ta misbegryp liede kinne. By it besykjen om dat op te lossen of te nuansearjen, kinne wer oare ynkonsekwinsjes ûntstean. Lestich as wy inoar goed begripe wolle. Ferline wike brochtsto it probleem fan misledigjen op it aljemint. Is dat wol in taalprobleem? Mei it kiezen fan oare wurden sil it net oplost wurde. Sels ‘koekjebakker’ kin as skelwurd (as kneukelhouwer of hampelman) opfette wurde, wylst ‘hampelmantsje’ o sa leafdefol bedoeld is.

Om no op taalskôging oer te gean, wol ik it oer in pear sinnen hawwe dêr’t yn in Frysk tydskrift in berneboek mei oanpriizge waard. Ik raffelje dy sinnen útinoar en jou de stikjes dêr’t it oer giet in oare kleur.
Der wurdt praat oer ‘in ynspirearjend boek mei in hoopfolle boadskip’. Wy begripe dy sin wol, mar der sit wol in flater yn. De opsteller mient dat boadskip in de-wurd is. Dat is te sjen is oan de bûging fan hoopfol. Mar ja, it is it boadskip, dus in hoopfol boadskip. Dat soe samar yn in Opfrysker kinne.

 

De skriuwer ‘ropt elkenien op om dyn krêft te brûken…’ Yn sa’n koart stikje tekst is it fansels de bedoeling om de lêzer sa persoanlik mooglik oan te sprekken. Dat liedt yn dit gefal ta it amikale ‘dyn krêft’. As ik dat lês, krij ik it gefoel dat elkenien wat fan myn krêft wol. It giet my net om de kar tusken jo (besitlik jo) en do (dyn), mar om it feit dat dyn grammatikaal net by elkenien past. Elkenien is in tredde persoan en dêrom moat syn dêr brûkt wurde. De fraach oft har hjir ek in opsje wêze soe, lit ik mar gewurde.
Dyn krêft te brûken om in ferskil te meitsjen yn ‘e wrâld…’ As de apostrof op ’e kop stiet [‘] is it in iepeningsoanhelteken. Dat sil de skuld fan de kompjûter wêze en dat meie wy sa’t it skynt net ien oanrekkenje. Der moat dus stean: yn ’e wrâld.

In lestiger fraach is om hokfoar ferskil it hjir te rêden is. Dy útdrukking ‘it ferskil meitsje’ is withoefaak te hearren, mar wat der krekt mei bedoeld wurdt, is my folslein ûndúdlik. In ferskil meitsje, mar mei wat en mei wa? In ferskil kin posityf of negatyf wêze. Yn sokke gjalpen wurdt fansels in posityf ferskil bedoeld, dus in ferbettering. No, sis dat dan!

In ferskil yn ’e wrâld, yn dyn omjouwing en foaral yn dysels.’ Dat lêste wurd strykt fansels net mei wat ik hjirfoar skreau oer it relative fan it begryp ferskil. Hoe soe ik yn mysels in ferskil meitsje kinne? Moat ik eat yn mysels feroarje? En yn myn ‘omjouwing’? Omjaan, mei de klam op it foarste wurdlid betsjut ompartsje, útdiele, mar omjaan mei de klam op jaan is in hollanisme. Omjouwing, mei sawat de betsjutting fan ‘alles wat om ús hinne is’, is dêrom ûnfrysk. Mar is ‘alles om ús hinne’ yn dit gefal ek net in bytsje oerdreaun? As it om in geografyske oantsjutting giet, hat it Frysk (om)krite en foar de minsken kinne wy fermidden, rûnte of neisten brûke.

Om it by einsluten gear te fetsjen: it gie om “De skriuwer ropt elkenien op om dyn krêft te brûken om it ferskil te meitsjen yn ‘e wrâld, yn dyn omjouwing en foaral yn dysels. In kleurryk en ynspirearjend boek mei in hoopfolle boadskip.” Wat in stikje tekst fan amper fjirtich wurden al net oan prakkesaasjes opsmite kin.

Mei freonlike groetnis,

Ed

july 4, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.