Bouwe de Boer: Wergea jout de toan oan

july 8, 2023 07:00 Fernijd

Kollum

Wergea mei syn 1800 ynwenners weage him in wike lang oan it eksperimint ‘Wergea Bloeit’. (Sjoch ek https://www.itnijs.frl/2023/05/bouwe-de-boer-wergea-boeit-en-bloeit/.) Hoe grut is de krêft fan in doarp om sân dagen efterinoar duorsumer te libjen?

‘Jimme hawwe wol wat teweibrocht yn Wergea!’, in gjalp dy’t gauris te hearren wie. Mar de eare leit al hielendal by de Wergeasters sels. Net te leauwen, sa’n doarpskrêft dy’t dêr yn de wike fan 21 juny loskaam. De sepsis dy’t foarôf bestie, waard by de dei fierder ôfbrutsen.

Fan woansdei ôf gie it echt los. Doe krige it doarp troch dat der in protte te dwaan wie en kamen de Wergeasters mei-inoar yn beweging. Alle kearen wer stiene sa’n fyftich swimmers moarns om 07.00 oere paraat foar in frisse dûk, mar dy woansdei weagen om 05.09 oere hast tachtich Wergeasters, ûnder begelieding fan Wergeaster muzyk, har foar sa’n dûk. Wêr krije se soks foarinoar?

Foto Lucas Kemper

Dêrmei waard de wei ynslein nei de 10.000 punten. It ‘Punteplak’ by de Bidler waard alle middeis troch puntemakers bedrige. Fytsers, kuierders, sûne iters, filmsjoggers, nei-it-wurkfytsers, elektryske-autokeapers, Wergeasters yn Denemarken en Portugal dy’t op ôfstân kilometers makken… Alle punten moasten notearre wurde. Nei ôfrin fan de duorsume merk, dêr’t in protte Wergeasters noch efkes kamen om te sneupen, waard it tiid foar de sjuery mei de einútslach. It wiene de bern dy’t de eare fan it doarp op it nipperke rêde koene. In sucht fan ferlichting wie dy snein te hearren doe’t wethâlder Evert Stellingwerf de einstân bekend makke. Wergea is in stikje duorsumer wurden, mar foaral binne der nije freonskippen ûntstien. En dêr begjint de echte bloei-weach fan Wergea mei.

Rinnie Boersma kriget de cheque fan € 5.000,–. Foto Lucas Kemper

Oft dit eksperimint in ferfolch kriget is gjin fraach mear. Foar 2024 binne der fiif doarpen yn byld dy’t it Bloei-stokje oernimme: Akkrum, Grou en Eastermar hawwe har al meld. De Freonen fan FossylFrij Fryslân en Arcadia2028 geane fierder mei dit eksperimint. Wergea jout de toan oan. In toan dy’t dúdlik net sûnder wjergea bliuwt.

Dit is nûmer 78 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

july 8, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.