Betinking fan in betinking
Resint ferskynd
Freed foar in wike waard yn de Martinitsjerke yn Boalsert betocht dat presys 200 jier lyn by in betinking foar Gysbert Japicx in byld fan dy ferneamde Fryske dichter ûntbleate waard. Wêrom in betinking fan in betinking? Om’t dy betinking fan 2 iuwen lyn fan grut belang wie foar it Frysk en de datum 7 july 1823 faaks wol as bertedei fan de Fryske Beweging beskôge wurde kin.
Op dy dei rûn suver hiel Boalsert út foar de betinking fan de grutte dichter, dy’t dêr wer twa iuwen earder libbe hie, fan 1603 oant 1666 en dy’t troch it Frysk yn syn literêre kreaasjes dy taal, dy’t nei de midsiuwen amper mear skriftlik brûkt waard, wer folle mear oansjen joech. Yn de njoggentjinde iuw diene de bruorren Halbertsma itselde. En dominy-skriuwer Joast Halbertsma spile no krekt in grutte rol by de betinking yn 1823. Yn in rede fergelike er Gysbert Japicx mei de wrâldferneamde Britske skriuwer Shakespeare.
Gysbert Japicx en Joast en Eeltsje Halbertsma binne de grutte skriuwers dy’t der foar soarge ha dat de Fryske taal net ferlern gien is, ferdútste Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar – dat de lêste betinking organisearre – oan de Ljouwerter Krante: “Sy hawwe op harren eigene wize foar grutskens op it Frysk soarge’’, sûnder harren wie it Frysk nea sa’n taal fan betsjutting wurden en bewarre bleaun.”
Tresoar hat in protte argyfstikken oer de eardere betinking. Lykwols binne der noch in soad fragen oer de motiven foar it organisearjen derfan. “Wie it Joast Hiddes Halbertsma syn grutte tinken en syn striidberens om de Fryske taal en it ûnderwiis net allinnich ta it elitêre fjild beheine te litten en woe er dêrom it hiele folk byinoar roppe om tsjûge te wêzen fan in taal en kultuer dêr’t wy grutsk op wêze kinne en dêr’t neffens him de grutste skatten yn ferburgen lizze?” Dat freget Rieneke Speerstra fan Tresoar har ôf yn in analyze fan de beskikbere ynformaasje. Yn alle gefallen waard de sânde july 1823 in wichtige dei foar it opkommen fan de Fryske Beweging.
It wie diskear in beskieden gearkomste mei muzyk en poëzy en in wurd fan Dijkstra. De foarnaamste oanwêzigen wiene in santich skoalbern: de nije generaasje dy’t it Frysk ek wer omearmje moat. Hja leine stientsjes mei harren moaiste Fryske wurden dêrop skreaun by it byld del. Sjoch hjirre foar mear details en foto’s fan it evenemint.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje