Barbie: in rôze sensaasje
Resint ferskynd
Filmferslach fan Gabrielle Terpstra
Al tiden siet ik te wachtsjen op Barbie, en no wie it dan einlings safier! De film ‘Barbie’ is net allinnich in hit, it is in wiere sensaasje wurden.
De film lûkt folle sealen en de bioskoopomjouwing kleuret rôze.
Under lieding fan de talintearre Greta Gerwig fertelt de film it ferhaal fan Barbie. Tegearre mei har man, Noah Baumbach, hat Gerwig in meislepend skript skreaun. De rollen fan Barbie en Ken wurde op fenomenale wize fertolke troch Ryan Gosling en Margot Robbie.
Yn Barbieland hat Barbie ynearsten in perfekt libben mei Ken, mar dan bedarret se yn in eksistinsjele krisis. Op ’e siik nei antwurden, siket se Weird Barbie op, spile troch Kate McKinnon, dy’t har oanriedt om de echte wrâld te ferkennen. Sa begjint in aventoerlike reis. Barbie en Ken komme mei in raket, boat, sniescooter en skeelers yn Los Angeles telâne.
Yn dy stêd moetet Barbie Gloria, fertolke troch America Ferrera. Tegearre mei Gloria’s dochter komt se úteinlik yn Barbieland werom. Dêr blykt Ken, dy’t earder fuortgien wie, foar behoarlike feroaringen soarge te hawwen…

Gabrielle en Femke by Barbie yn de Barbiebox yn Pathé
Iksels haw de film fuort by de release sjoen, yn in folslein útferkochte seal. De film sit fol grappige mominten en skerpe humor, dy’t ferskate saken treflik oankaart. It is lang lyn dat ik yn de bioskoop sa lake haw. Greta Gerwig stiet bekend om har treflike froulike coming-of-age-films, mar Barbie biedt wille foar elkenien; manlju sille der ek fan genietsje. De film nimt it publyk mei op in kleurrike en bizarre trip, dêr’t humor en serieuze mominten hân yn hân yn gean.
Yn de earste wike allinnich al hat Barbie
mar leafst 2,347 miljoen euro oan de box office opbrocht.
Barbie is net allinnich in spannend aventoer, de film hat ek in djippere laach dêr’t er in breder publyk troch oansprekt, ynklusyf minsken dy’t net perfoarst mei Barbies boarte hawwe.
Ik jou barbie 4.5 stjer. It is in útbalansearre, grappich en skerp wurk, dat de muoite wurdich is om troch elkenien besjoen te wurden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje