Barbie-film ferbean yn Fjetnam fanwegen kaart Súd-Sineeske See
Resint ferskynd
De nije Barbie-film dy’t ôfrûne woansdei yn Nederlân yn premjêre gien is, sil net te sjen wêze yn bioskopen yn Fjetnam. De Hollywoodfilm is ferbean omdat der in wrâldkaart mei de saneamde njoggenstrekeline yn te sjen is, de Sineeske ôfbeakening fan it kontroversjele gebiet yn de Súd-Sineeske See.

Foto: pixabay.com
Dy kaart yn de film falt ferkeard by Fjetnam, dat ek in part fan dat gebiet hawwe wol. Nei alle gedachten hawwe de filmmakkers de kaart yn de film ferwurke om tagong ta de Sineeske merk te krijen.
It skeel oer de Súd-Sineeske See rint al tsientallen jierren. Peking easket hast de hiele Súd-Sineeske See op, de eilannen ynbegrepen. It lân tekene koart nei de Twadde Wrâldoarloch de njoggenstrekeline, en beskôge alles binnen dy line as eigen territoarium. Oare lannen yn de regio en de Feriene Naasjes binne it dêr net mei iens. It Permaninte Hof fan Arbitraazje yn De Haach seit ek dat Sina gjin rjocht op dat gebiet hat. De Fjetnameeske oerheid is fan betinken dat de makkers fan de film mei de kaart ymplisyt oanjouwe dat se de eask fan Sina stypje en hat de film dêrom ferbean.
Yn Sineeske bioskopen sil de film wol te sjen wêze. Neffens de webside The China Project wurdt op sosjale media optein reagearre op de oanwêzigens fan de njoggenstrekeline yn de film. Guon sosjalemediabrûkers sizze dat it skeel oanlieding is om de film “no yn alle gefal te besjen”.
Yn Fjetnam wurde films faker om dy kwestje ferballe. De ôfrûne jierren wie dat it gefal mei de films Everest: De jonge Yeti (ynternasjonale titel: Abominable) en Uncharted. Makkers fan de searjes Put your head on my shoulder en Madam Secretary krigen de opdracht om sênes te skrassen dêr’t de omstriden kaart yn te sjen is. De film Barbie, mei Margot Robbie as Barbie en Ryan Gosling as Ken is sûnt woansdei yn Nederlânske bioskopen te sjen. Yn de film wurde Barbie en Ken ferballe út de perfekte fantasywrâld dêr’t se yn libje en geane se op ûntdekkingsreis yn ’e echte wrâld.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje