- 32 ‘Utsteld gelok’-ferhalen sammele yn blomlêzing
- Jier ekstra wissichheid foar 36 Fryske kulturele ynstellingen
- Nije dichtbondel fan Elske Kampen: ‘Net fiksearre hûs’
- Eksposysje ‘Ondersteboven’ yn Museum Nagele
- Arjan Hut – Swiete prommen, soere prommen
- Ynspiraasjedei oer boargerskip en meartaligens yn it mbû op 11 oktober
Arjan Hut: Pride Kollum
Resint ferskynd
Hjoed wol ik it ha oer in gedicht fan Janneke Spoelstra. It is tinkt my it ienfâldichste gedicht dat skreaun is foar Wjerspegelje, in projekt fan Ljouwert City of Literature. Ik moast deroan tinke nei it berjocht dat yn Kollum in reinbôgebankje fergriemd wie mei in haattekst. Yn oanrin nei de Pride Kollum fan hjoed wiene der mear haatreaksjes, bygelyks ûnder de oankundiging op Facebook.
It wie foaral de tekst by it bankje, oan de foto’s te sjen ien mei in dreech romtlik ynsjoch, dy’t it ien en oar oprôp. “Rotop! Vergiftig jullie eigen kinderen” is mei sichtbere swierrichheden op it beton ûnder it kleurige bankje delkwatst. Oan it hânskrift mien ik te sjen dat dy skriuwer net wend is om mei in spuitbus om te gean. Of mei taal. Miskien hat it in dronken puber west mei nocht oan ûnnocht. Yn Ljouwert waard in pear jier lyn in reinbôgeskildering mei swarte ferve oergetten. Wie it ien mei in hekel oan kleurkes? Der binne in mannich, fersin dy net, dy’t in grutte ôfkear ha fan kleur. Sjoch nei de auto’s op de dyk: we kieze net om ’e nocht foar swart, griis en wyt. Sjoch de panyk as ien it eigen hûs grien fervet.
Mei logika is alles te bewizen. Guon redenearje, troch deroer te praten wurde minsken homoseksueel. Eartiids hie men it net oer homoseksualiteit. Doe wiene der folle minder homo’s. No wurdt der iepenlik oer praat, en binne der folle mear. Sterker noch, der komme hieltyd mear ‘ôfwikingen’ by. Dat ha de goaden sa net bedoeld! En dy straffe ús dêrfoar. En nee, sokke tinkers wenje net inkeld yn gebieten as Ruslân, Poalen of Floarida.
Online fine we in bedwelmjende mjuks fan religy, frouljushaat en ‘frije’ logika. Online fynt ien ek altyd besibbe sielen dy’t der krekt sa oer tinke as hysels. Mei-inoar tsjin woke, it WEF, feminisme, de hagedisminsken! Dan doare se mear. Dan doare se mei in spuitbus de doar út. Fergiftige mei in grut, hillich gelyk. Haat. Yn ‘e kop. Haat. Yn it tsjuster. As net ien it sjocht. As haat no hier betelle, mar it leveret neat as ellinde op.
Lokale panyk. Haatlike tsjinaksjes. Sa liket it krekt as binne de Wâlden in sletten mienskip fol ultrakonservative ksenofoben. Soe der in tsjinaksje komme yn Kollum? Allegearre yn it swart dan mar. Lit dy Fryske flagge ris thús. Muoisum graffity spuitsje. Haatberjochten tikje. Warskôgje tsjin it gif en net sjen dat it gif harren sels fan de lilke kop gutst.
Ik hoopje dat it hjoed in feestlike dei wurde mei yn Kollum. Dat it allegearre tafalt, yn de echte wrâld, nei de online haat en anonime graffity. Tink dêrby ek oan it Swarte Pyt-protest yn Surhústerfean, noch net sa lang lyn. Yn ’t foaren like it as soe de tredde wrâldkriich útbarste. By einsluten stiene der twa manlju fan middelbere âldens te demonstrearjen. Al dy haat, al dy tsjinaksjes, se hiene de tiid better besteegje kinnen, wat aardichs mei de bern dwaan of einlings dy kursus graffitykeunst folgje.
Goed, ik dwaal ôf. It gedicht fan Janneke Spoelstra. It earne wol of net oer ha, dêr gie it my om. Miskien fine haters it net slim as ien non-hetero is, mar men moat it der net oer ha. En as men it der net oer hat, dan, no ja…. Ik sei al, in ienfâldich gedicht. Sa liket it teminsten. Net altyd alles is wat it liket.
doe
sieten wy
ek gewoanfleurich
twa mannen
twa frouljuyn ’e jûnssinne
op in terras
Neiskrift fan de redaksje: de Kollummer Pride pakte feestlik út, sûnder ynsidinten dy’t wat om ‘e hakken hiene; sjoch dit ferslach fan Omrop Fryslân.
Wat is dat no spitich! Der wurd neat sein oer de bekladde Fryske flagge. Wêrom waard der net in hollanske flagge brûkt? Doe’t dy allinich op ‘e kop ferkeard hong, ‘was de wereld te klein’. Respektleas, eksklusief en tige kwetsend!
“Bekladde Fryske flagge…” Wat bedoelst Ferdinand? Ik snap dy net.
Op ‘e fotoos op de Omropsite kinne jo sjen wat ik bedoel.
De foar- en tsjinstanners fine elkoar mar dom en koartsichtich. En dat fyn ik no dom en koartsichtich.
Boppedat is it in moaie ôflieding fan de echte problemen yn Fryslân…. En de omkoaltsjes traapje der allegear mei beide fuotten yn…..
Fansels freget Ate J. de Jong hjir nei de bekende wei.
No haw ik sels nea wat mei dy pompeblêdeboel hân, dochs bin ik it mei Ferdinand de Jong iens dat jo fan in symboal as de Fryske flagge ôfbliuwe moatte.
Boppedat de reinbôgeflagge is ynklusyf genôch!