Ariane 5-raket foar it lêst lansearre

july 9, 2023 08:19

Fan de lansearbasis yn Frânsk-Guyana is foar it lêst in Europeeske Ariane 5-raket lansearre. Dêrmei is nei 27 jier in ein kommen oan de fiifde generaasje fan de Ariane-raketten. In opfolger is der noch net, want de Ariane 6 is noch net ôf. Dat makket dat Europa foarearst sûnder eigen raketten foar romtelansearringen sit.

Foto: Wikipedia/NASA – publyk domein

Oan board wiene twa kommunikaasjesatelliten, ôfkomstich út Frankryk en Dútslân, byinoar goed foar in gewicht fan 7000 kilo. De raket waard tongersdeitemoarn om 00.00 oere Nederlânske tiid lansearre, 33 minuten letter waarden de twa satelliten op it juste plak yn ’e romte loslitten. De Ariane 5-raketten fierden in protte kommersjele raketlansearringen út, mar binne foaral bekend fanwegen ferskate ûndersyksmisjes. Sa waard de Europeeske Rosetta-sonde, dy’t yn 2014 nei de komeet 67P/Churyumov Gerasimenko fleach, mei de Ariane 5 lansearre. De sonde liet ek in ferkenner los dy’t op ’e komeet lâne.

Ien fan de wichtichste lansearringen is dy fan de James Webb-romteteleskoop, yn desimber 2021. De teleskoop fan hast tsien miljard euro leveret ûnderwilens de bjusterbaarlikste bylden út de romte wei op. It is in projekt dêr’t de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, de ESA en it Kanadeeske CSA yn gearwurkje. Koartlyn noch waard de foarlêste misje fan de Ariane 5 útfierd. Doe waard de Europeeske sonde Juice nei de romte brocht. Dy sonde sil ûndersyk nei de trije moannen fan de planeet Jupiter dwaan.

De Ariane 5-raket stie bekend as tige betrouber. Fan de 117 lansearringen gie it mar twa kear mis: de earste lansearring yn 1996 einige yn in enoarme eksploazje. De raket rekke út syn koers en fjirtich sekonden letter ferneatige de raket himsels. De oarsaak bliek in flater mei it kompjûterprogramma te wêzen. En yn 2022 eksplodearre der ien troch in lek yn it koelsysteem.

De ein fan de Ariane 5 betsjut dat Europa foarearst ôfhinklik is fan oaren om raketten nei de romte te sjitten. In oare Europeeske raket, de Vega C, wurdt foarearst net lansearre nei in mislearre lansearring yn desimber. En de Ariana 6 is noch net klear. Earder brûkte Europa ek geregeld de Russyske Sojoez-raketten, mar troch de oarloch yn Oekraïne is dat gjin opsje mear. Europa kin allinnich by de Amerikanen terjochte. Ofrûne sneon lansearre SpaceX fan Elon Musk bygelyks de Europeeske Euclid-romteteleskoop, in romtesonde dy’t ûndersyk dwaan sil nei ûnsichtbere parten fan it hielal. Oare Europeeske satelliten wurde de kommende tiid ek mei SpaceX-raketten de romte yn sketten.

De ESA rekkenet derop dat de Ariane 6 fan takom jier ôf brûkt wurde kin. De earste testlansearring wurdt oan ’e ein fan dit jier ferwachte, jierren letter as pland.

Besjoch in film fan de lansearring fan Arianespace:

july 9, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.