Apelrispinge falt ôf troch tuorrepleach

july 26, 2023 08:19

Hieltyd mear apelkwekers yn Nederlân hawwe te krijen mei in mindere risping. Dat komt troch de apelblossemtuorre, in ynsekt fan sa’n seis milimeter.

Foto: Wikipedia/Jnyssen, eigen wurk – CC BY-SA 4.0

De tuorre wie earst inkeld yn it suden aktyf, mar it bistje is ûnderwilens ek op oare plakken yn it lân in soad sjoen. Kweker Frans Rijk yn Dronten hat der no lêst fan. Hy kweekt ferskate soarten apels, lykas Jonagold en Elstar, op tsien hektare grûn, 100.000 kante meter. “Wy hiene ferline jier in prachtige risping en dan tinkt men: takom jier wer. Allinnich is fan ’e maitiid de apelblossemtuorre op besite kommen”, seit er tsjin de NOS.

Misfoarme
Yn ’e maitiid komme folwoeksen tuorren nei de apelbeammen ta. It bist plantet him fuort troch yn ’e blossem te prippen. Yn guon blommen leit er in aai, dêr’t in larve útkomt; dy blommen wurde gjin apels. En dat fernimt Rijk: “Guon beammen binne hielendal leech. En wat der hinget, is misfoarme. Wy kinne de helte fan de risping ôfskriuwe.” Middels foar it bestriden fan de krobbe, lykas Exirel en Raptol, binne fia ynternet te bestellen, mar dat betsjut net dat fruitkwekers dy ynsektisiden ek ynsette meie. Hja moatte by in leveransier oanjaan wat hja ferbouwe. Pas as oantoand is dat se it middel brûke meie, wurdt it levere. Dat is dus net foar fruitkwekers, seit Siep Koning, direkteur fan de Nederlânske Fruitkwekers Organisaasje. “It kin dan wol te keap wêze, wy geane neffens de wet te wurk.”

Oantaaste apel
Beskermingsmiddels wurde kontrolearre troch tafersjochhâlder de NVWA en it Kolleezje foar it talitten fan gewaaksbeskermingsmiddels en biosiden (Ctgb). Dy meitsje út oft in middel brûkt wurde mei. Raptol en Exirel binne yn Nederlân foar fruitkwekers net tastien. Koning fynt dat soer. “Oare lannen meie it middel wol brûke. Wy wolle as sektor in gelikens spylfjild.” Kwekers kinne in needtastimming foar in middel oanfreegje. “Dat sille wy foar takom jier foar dizze middels oanfreegje”, kundiget Koning oan.

Foto: Wikipedia/Richard Wilde, eigen wurk – publyk domein

Alternatyf
It probleem is neffens de brâns dat der gjin miljeufreonliker alternatyf is om de tuorre te bestriden. De Wageningen Universiteit is al jierren dwaande mei it sykjen nei in alternative wize om gewaaksen tsjin de tuorren te beskermen, seit Herman Helsen, ûndersiker ynsektebehearsking oan de universiteit tsjin de NOS. “Der binne metoaden dy’t in bydrage leverje oan de behearsking fan it ynsekt. Mar in effektive metoade dy’t gemyske bestriding oerstallich makket, hawwe wy op it stuit noch net. Der binne in stikmannich slûpbijen dy’t de apelblossemtuorre oanpakke. Allinnich, it grutte probleem is dat wy se net yn grutte oantallen yn de hôven krije kinne”, seit ûndersiker Helsen. Yn de glêstúnbou slagget it wol, mei oare brimsesoarten.

Hoewol’t der dus noch gjin folsleine útkomst is, binne der neffens Helsen al wol fergiffrije opsjes. Sa wurde der bygelyks tuorren previntyf út in hôf wei helle, troch middel fan lokbuiskes. Neffens kweker Frans Rijk biede sokke alternativen foarearst noch gjin útkomst en binne kwekers earst noch oanwiisd op bestridingsmiddels.

It grutste part fan de 200 miljoen kilo oan apelrisping is foar de ynlânske merk. Oprinnende prizen yn ’e supermerk ferwachtet De Koning fan de Nederlânske Fruitkwekers Organisaasje net. “Der is al genôch rispe.” Net inkeld de apelbeammen hawwe it swier, de Nederlânske risping oan parren is ek oantaasten. Mar dan troch in oare soarte tuorre: de parreknoptuorre. Dêr is ek in pleach yn opbou, seit Koning. Dat ynsekt kin yn ’e hjerst faaks noch mei fergif bestriden wurde. De brânsferiening hat dêr in needtastimming foar oanfrege.

july 26, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Klaas Jan july 27, 10:31

    Tryst dat ItNijs him basearret op de NOS as boarne. Manupilaasje is dêr oan de oarder fan de dei.

  2. Redaksje july 27, 11:12

    Hoe sit it dan neffens jo, Klaas Jan?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.