Anne Dykstra: Mei jong

july 26, 2023 08:38

Kollum

Unfoech praat (38)

As men it oer in jong hat, giet it meast oer bisten. Jong kin lykwols ek in net al te aardige beneaming wêze foar in krekt berne of in noch net berne minskebern. De ferliking mei de boerebistewrâld, dêr’t in jong in beskate ekonomyske wearde fertsjintwurdiget, komt hiel sterk nei foaren yn in opjefte út it WFT: “Om wat mear fan ’e bystân te krijen, litte dy jonge froulju har tsjintwurdich mar gau in jong stekke.” As in frou mei jong is of sit, dan is se swier. Manlju kinne froulju mei jong meitsje of sette, of, slimmer noch, mei jong slaan of skoppe! Froulju dy’t swier binne, moat men net kjel meitsje, oars soe men har ris it jong ta de bûse út jeie kinne.

Ut de útdrukking mei jong sitte sprekt net folle leafde of tadienens foar it jongwiif of foar it bern dat op kommende wei is, en soks is al hielendal net it gefal as sein wurdt dat in frou it liif fol bonken hat.

Fan it iene yn it oare, jongwiven dy’t yn ’e lêste dagen binne, kinne mar better it hier net knippe litte, want harren lytse poppe sil dan gjin hier op ’e holle hawwe.

Takomme woansdei fierder

 

july 26, 2023 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.