Anne Dykstra: De swarte broek oan

july 5, 2023 07:55

Kollum

Unfoech praat (35)

boarne: Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0

Fan in ûngestelde frou wurdt neffens in opjefte yn it WFT (1972) wol sein dat se de swarte broek oan hat. Ik wit net oft it letterlik om in swarte (ûnder)broek giet. Men soe dan hast earder in reade ûnderbroek ferwachtsje.

Salang’t de frou ûngesteld is, stiet de bysliep by de measten stil. Ommers, in goede skipper fart net troch de reade see, as de minne dagen foarby binne, dan kin ’t wer wêze. Dy minne dagen slagge fansels op de net altyd noflike menstruaasje, mar foar al te pystige manlju is it ek in dreech skoftsje tiid. Troch sa’n ien sil de fariant in goede skipper fart ek troch de reade see wol betocht wêze.

Ta beslút fan dizze rige oer de sûne sykte noch in pear tips út De âlde boereblom- en krûdetún út 1975.
De gewoane snijpiterseelje holp by noasbliedingen, by de regels en it nachtlik soms ferfelende switten bleau út. Tsjin pynlike regels soe absintaalst helpe en it boerewjirmkrûd regele, as it moast, de saken. It trijeblêd is ek goed foar de menstruaasje, mar tink derom, it is ek in abortivum!

july 5, 2023 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.