Alde kaarten fan it Sealterlân no op ynternet

july 5, 2023 09:25

Op www.seeltersk.de fan it Seeltersk Kontor binne no sa’n tritich âlde kaarten fan it Sealterlân te finen. Dy waarden sammele troch Heiner Hinrichs, Kurt Niemeyer en Bernhard Krone yn ’e rin fan ferskate desennia. Hja koene se soms út it jiskefet rêde. De wearde fan sokke âlde kaarten waard yn it ferline net altyd ynsjoen.

Boarne: www.seeltersk.de

Hinrichs, dy’t sûnt de tachtiger jierren by de gemeente Sealterlân wurket, hat de kaarten yn hege resolúsje ynscand. Hy stelde se beskikber oan it Seeltersk Kontoor, dat geregeldwei oanfragen kriget fan genealogyske en histoaryske ûndersikers. Hooplik helpt it digitale oanbod mei it ûndersykswurk, dat faak op frijwillige basis dien wurdt, seit Henk Wolf fan it Seeltersk Kontoor.

De kaarten binne hjir te finen: www.seeltersk.de/archiv/alte-landkarten-des-saterlandes-digital-verfugbar.

july 5, 2023 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.