77 gebouwen krije subsydzje foar ferduorsuming

july 19, 2023 08:21

Om by te dragen oan it fuortbestean fan ferieningen en stichtingen en dêrmei de leefberens fan Fryslân, stipet de provinsje Fryslân it ferduorsumjen fan gebouwen as doarpshuzen, sportakkomodaasjes, musea, tsjerken en oar maatskiplik fêstgoed.

MFA De Dobbe yn Eanjum (foto: Provinsje Fryslân)

Provinsjale Steaten besleaten dizze maitiid € 5 miljoen beskikber te stellen, út de opbringsten fan de Wynpark Fryslân jilden, foar it duorsumer meitsjen fan maatskiplik fêstgoed. Om dat jild sa gau mooglik nei de mienskip te bringen makket de Provinsje gebrûk fan it besteande Iepen Mienskipsfûns. Soks om foar de winter mei safolle mooglik projekten begjinne te kinnen omdat krekt yn de winter de measte enerzjy ferbrûkt wurdt en der dus fuort mei besparjen begûn wurde kin. Deputearre leefberens, Klaas Fokkinga (FNP): “Ferieningen, stichtingen en alles dêromhinne binne fan grut belang foar de leefberens fan Fryslân. Dêrom ha wy der foar keazen om harren te helpen finansjeel sûn te wurden of te bliuwen, sadat de frijwilligers fan dizze organisaasjes harren wichtige wurk foar Fryslân trochsette kinne“.

Iepenstelling 1 2023 en beoardieling
Bestjoersleden fan ferieningen en stichtingen mei maatskiplik fêstgoed koene tusken 8 en 25 maaie 2023 in subsydzje-oanfraach yntsjinje foar maksimaal 70% fan harren folsleine subsidiabele projektkosten by it útfieren fan ferduorsumingsplannen mei in maksimum fan € 35.000 it projekt. Yn dy perioade binne der totaal 114 oanfragen yntsjinne út de mienskip fan Fryslân wei, dêr’t 77 subsydzje-oanfragen fan honorearre binne mei in totaalbedrach fan goed € 2,3 miljoen. De goedkarde oanfragen hawwe oan it begjin fan de hjerst de middels ta harren beskikking sadat se dan begjinne kinne mei de realisaasje fan de plannen. De projekten waarden beoardiele troch advyskommisjeleden fan Streekwurk, in ynstallateur, in enerzjyadviseur en in eksploitaasje-ekspert. Hja beoardielen de projekten op de wearde fan harren gebou foar de mienskip oan ’e hân fan de kritearia draachflak, gearwurking, ferduorsuming en eksploitaasje.

Deputearre enerzjy, Sietske Poepjes (CDA): “It docht bliken dat dizze subsydzje yn in grut ferlet foarsjocht. De Fryske frijwilligers steane te springen om harren gebouwen te ferduorsumjen. It is moai dat wy harren dêrby helpe kinne. In boppeslach foar elkenien, ek foar de Fryske enerzjytransysje.”

IMF-subsydzje ferduorsuming maatskiplik fêstgoed iepenstelling 2 2023
It iepen Mienskipsfûns ferduorsuming maatskiplik fêstgoed giet nochris iepen fan 18 septimber oant en mei 5 oktober 2023 oant 17.00 oere. As frijwilligers holpen wurde wolle mei it dwaan fan in oanfraach kin dat fia de adviseurs fan it Iepen Mienskipsfûns. Sjoch foar mear ynformaasje oer IMF ferduorsuming maatskiplik fêstgoed en it oanfreegjen fan subsydzje op www.streekwurk.frl/fy-nl/subsidieregelingen/imf-tematender-ferduorsuming-maatskiplik-festgoed.

 

july 19, 2023 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.