4e Seelter kroechkwis op 25 augustus
Resint ferskynd
Nei trije bysûnder suksesfolle edysjes wurdt dizze simmer foar de fjirde kear de Seelter kroechkwis yn Finchen’s Kleine Pub yn Ramsloh spile. Op freed 25 augustus beäntwurdzje tûke teams in bûnte miks fan fragen oer alderhande ûnderwerpen, lykas sport, polityk en it Sealterlân.
Lykas wenst wurde de fragen earst yn it Sealterfrysk steld, sadat minsken dy’t dy taal kenne mear tiid hawwe om nei te tinken. Foar dyjingen dy’t de taal net prate, wurde de fragen neitiid oerset yn it Dútsk. De trije bêste ploegen kinne drankbonnen fan 50, 30 en 20 euro winne. Om 20.00 oere sil presintatrise Dagmar Henken de earste fraach stelle.
De Seelter kroechkwizzen binne in mienskiplik inisjatyf fan Johannes Norrenbrock, Dagmar Henken en Henk Wolf. De earste edysje waard holden op 24 septimber 2021 en de drege fraach “Wät sunt Esperanto, Volapük of Blissymbol?” wie op elk syn lippen. De froulju fan “Do flugge Wuchtere” wiene oertsjûgjende winners. By de twadde edysje op 13 maaie 2022 wûn wer in frouljusploech: “Do Broundjer Foankiekere”. De fraach dy’t in protte ploegen dizze kear de harsens bruts wie: “Wêr is dy Asteriks-Bouk yn 2021?” Pas by it tredde besykjen, op 25 novimber 2022, gie de bon fan 50 euro nei in manljusteam, nammentlik it “men@work” en dat hie miskien wat te krijen mei de fraach “Wäl of wät is La’ eeb?” (de maskotte fan ‘e wrâldbeker fuotbal) te dwaan.
Elke kear wie it lytse restaurant fan de famylje Oetken yn Ramsloh fol boekt en moast in wachtlist opsteld wurde. Om mear ploegen meidwaan te litten, kinne dielnimmers yn de fjirde edysje ek bûten sitte. Dêrmei kinne yn totaal 160 minsken meidwaan, sawat twa kear safolle as de lêste kear.
Oanmelde foar de fjirde kwis kin op seelterkneipenquiz@gmail.com. Yn de registraasje-e-mail moat de namme fan de oanmelde ploech oanjûn wurde, út hoefolle minsken dy bestiet (2 oant 5) en op hokker e-mailadres of telefoannûmer de kontaktpersoan te berikken is. Meidwaan is fergees.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje