Ytsen Breapik (ferhaal, oanpast)

juny 10, 2023 19:16

Himdrok, tekene troch David Ring yn opdracht fan de Visual Thesaurus for Fashion & Costume. Boarne Wikipedia.

Yn It Mar, flak by It Hearrenfean, wenne eartiids in man, Ytsen Breapik neamd, mar dy’t yn dy omkriten ek wol ûnder de bynamme ‘de kluzener’ bekend wie. Hy wenne yn in krot fan in wenning oan de grutte dyk. Der sieten grutte gatten yn de flier trochdat de flierplanken ferrotte wiene. De skuorde ruten wiene mei krantepapier oaninoar plakt en waarden allinne wosken as it reinde. De foardoar bestie út twa helten mei in boppe- en in ûnderdoar en dy hongen skeef yn ’e hingsels.

It ferhaal giet dat Ytsen nachts op ’e lappen wie, as in frek by syn jild. Oerdeis seagen se him net folle, dan hie er him deljûn. Yn ’e simmer hie er de gewoante om foaroer hingjend op de ûnderdoar it fjild oer te sjen, mei in sigarettestompke yn ’e mûle, in fersliten himdrok oan mei in pear galgen deroerhinne, dêr’t er de broek fan grouwe stof, mei ophold. Sa glûpte er bytiden de dyk oer nei it buertwinkeltsje as er wat foar it iten hawwe moast. Oan de oergroede op syn antlit wie wol te sjen dat it net folle mei wetter yn oanrekking kaam. Hoe’t it mei de bêderij stie, lit him wol riede, nimmen kaam ea by him yn ’e hûs.

Hy hie fetweiderij(*) as leafhawwerij; neist syn ferfallen wente leine in pear prachtige stikken greide. As er dan yn ’e hjerst mei de bisten nei de sneonsmerk op It Hearrenfean gie, koene de bisten wol besjen lije. Dêr soarge er better foar as foar himsels.

De fetweider en de slachter mei in ko dy’t slachte wurde sil. Foto Cees Modder

Dan kaam er ris ûnder de minsken, yn syn ôfdroegen lange duffelske jas, mei in hege hoed op dêr’t hast gjin filt mear op siet en op sloffen en grouwe sokken dy’t noch nea in waskbeurt hân hiene. Sa’n nuveraardich klaaide man koe troch de strjitjonges net mei rêst litten wurde. As er mei syn hannel klear wie, gie er nei in bakker en kocht dêr broadsjes, in traktaasje foar him. Dy kamen yn syn hege hoed en sa boksele er wer op hûs oan.

Der kamen ek wol feehannelers by him thús en dêr koe er meastal flot hannel mei dwaan. Hy hoegde ek net it measte foar syn fee, mar hy woe wol fertroud folk en earlike hannel. As de keapman ien kear syn fertrouwen wûn hie, koe gjin konkurrint him dêrtusken kringe, mei hokker ferloklik bod oft dy ek komme mocht.

Ytsen hie jûns nea ljocht op, sa gau as it tsjuster waard gie er op bêd. Hy libbe net echt frekkich en iet wol alle dagen syn stikje fleis. Bytiden hie er wol tsien fetweiders op syn greide rinnen, mar der wie gers genôch foar tweintich en as er de lêste ko oan de slachter ôflevere hie, krige er altiten hûndert pûn fleis foar tweintich gûne, nea minder en nea mear as hûndert pûn en nea mear of minder as tweintich gûne. De slachters kamen meastal by him oan hûs.

Ytsen hie ek in beam mei figeparren, dy plôke er, foar safier’t de skarlunen der noch guon oan sitte litten hiene. Dy brocht er altiten nei deselde ôfnimmer. Dan krige er likefolle ierappels fan de ôfnimmer werom, mar dan woe er allinne mar lytsen hawwe. Dat wie ien fan syn eigenaardichheden.

Herberch yn It Mar

Tichteby syn wente stie in herberch dêr’t Ytsen inkeld wolris kaam om in fleske jenever; dêr hie er wol by betinge dat er der dan in slokje by op ta krige.
Op in jûn, doe’t er wer in flesse jenever ophelle, sieten der trije manlju oan ’e taap. Dat wiene buorlju dêr’t Ytsen gjin gedoente mei hie. Doe’t Ytsen wer op hûs oansette, kamen se op it idee om him de skrik op it liif te jeien. Yn it holst fan ’e nacht brutsen se by him yn, mar doe’t Ytsen yn it bedstee oerein kaam, waard de grap earnst. Ien fan de manlju betocht dat der miskien wol jild ûnder it kessen lizze koe en die in taast, en ja, it wie ek sa. Doe’t Ytsen begûn te razen, griepen se him by de kiel en begûn er noch lûder te razen. De manlju waarden bang dat er harren weromkenne soe en naaiden út. Troch it geraas fan Ytsen kamen der in pear oare buorlju op ôf en seagen twa fan de trije manlju rinnen. Trochdat it ljochtmoanne wie, koene se sjen wa’t it wiene.

Doe’t twa dieders foar it gerjocht stiene, frege de rjochter oan Ytsen: “Kent ge deze twee?
“Hoe soe ik myn eigen buorlju net kenne”, sei Ytsen, “it binne Douwe en Kees.” Dy binne doe feroardiele ta sân jier finzenis”. Yn dy tiid binne se beide ferstoarn.

Ien fan de dieders hat op syn stjerbêd noch ferteld wêr’t er syn diel, 250 gûne, ferstoppe hie. It lei ûnder de keamersflier fan it hûs fan syn mem. Dat jild hat Ytsen weromkrige. Hy hat de mem fan de dieder doe noch tsien gûne jûn.

Spitich dat de bynamme breapik net te efterheljen is.

(*) In fetweider is in boer dy’t fee fokt foar de slacht en dy’t yn de greide fet wurde moatte.

Boarne: de Hepkema (1914). Neiferteld troch Jangerben Mulder. It ferhaal spilet ein 19de iuw.
Mei tank oan Feito van der Wal, fan wa’t ik foto’s brûke mocht.
Mei tank oan Sonja Mooij fan de Kulturele Wurkgroep Aartswoud foar it brûken fan de foto ‘Ko mei slachters’ fan fotograaf Cees Modder.
juny 10, 2023 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.