Ynternasjonale útstalling ‘Unzipped’ foar de twadde kear te sjen
Resint ferskynd
De ynternasjonale útstalling fan en oer The Rolling Stones is werom yn Grins. Hjoed, freed, is de iepening foar it publyk fan de eksposysje oer de legindaryske band. It Grinzer Museum ferwachtet in protte besikers.

Foto: Hedwig Terpstra
Unzipped wie yn 2020 al koart yn it Grinzer Museum te sjen. Yn ferbân mei lanlike koroanamaatregels moast it museum doe nei fjouwer wike de doarren slute. Yn de eksposysje binne goed fjouwerhûndert orizjinele objekten út it persoanlik argyf fan de band te sjen, lykas ynstruminten, poadiumûntwerpen, albumhoezen, deiboeken en kostúms.

Foto: Hedwig Terpstra
Oan de kolleksje is no in bysûndere hânskildere gitaar fan Keith Richards taheakke. Richards beskildere de gitaar yn de tiid dat er yn ôfwachting wie fan in finzenisstraf fanwegen drugsgebrûk.

Foto: Hedwig Terpstra
De útstalling lit de muzikale ûntwikkeling fan de band fan it begjin fan de sechstiger jierren oant no sjen en hearre. Bysûnder yn de eksposysje is it neimakke ferbliuw fan de bandleden yn Edith Grove yn Londen, in snústerich appartemint mei smoarge itenspannen en sigarettepeuken hjir en dêr.

Foto: Hedwig Terpstra
De earste opnimstudio fan de band yn Denmark Street yn Londen is ek hielendal neiboud. Yn ien fan de sealen is it drumstel fan de yn 2021 ferstoarne Charlie Watts te sjen.

Foto: Hedwig Terpstra
De eksposysje einiget yn in grutte seal dêr’t de film fan it optreden fan de Stones yn Havanna yn 2016 op ferskillende skermen te sjen is: in oerdonderjende muzikale apoteoaze.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.rollingstonesgroningen.nl.
Besjoch in promofilmke foar de eksposysje fan Mick Jagger:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje