Briefkje (69): Ynklúzje is bedoeld om net út te sluten

juny 13, 2023 07:55

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief.

Bêste Ed,

“De taal past himsels wol oan”, stiet boppe dyn lêste brief. Ut watsto skriuwst begryp ik dat it dochs de minsken binne dy’t harren taal oanpasse. Minsken dy’t neigeraden de omstannichheden sommige wurden mije en foar oare wurde kieze. Sa is it ek mei ynklusive taal, dêr’t ik it yn myn foarich brief oer hie. Ynklusive taal brûke, dat lit him it bêst negatyf útlizze: jins wurden sa kieze dat men der gjin minsken mei útslút. Ik skreau doe dat ik it boek Dat mag je óók (al niet meer) zeggen hawwe woe. Dat haw ik ûnderwilens lêzen. It fettet moai gear hoe’t taal yn beweging is. Wurden dy’t troch benammen de emansipaasje fan de frou net mear foldogge. Wurden dy’t lang (faak sûnder euvelmoed) yn gebrûk wiene, mar minsken sear dwaan kinne. Dy wurden kinne, yn it algemien, net ferbean wurde, mar it is ferstannich en brûk oare mooglikheden.

Doe’t it fan alderhande beroppen net mear himsels sei dat se allinne troch manlju beoefene wurde koene, kaam der yn personielsadvertinsjes te stean dat ynstellingen om bygelyks in direkteur (m/f) sochten. Dat wie earst wat nijs. Tsjintwurdich is it al gewoan om efter funksje-oantsjuttingen f/m/x te setten. Yn Frysktalige advertinsjes liket my dy folchoarder (neffens it alfabet) logysk en gjin foarkar út te drukken.

Yn it Frysk wie de manlike dominânsje noch lang te hearren yn meidielingen as “Jan Adema en ’e frou wiene der ek.” Frou Adema as oanhingsel fan har man. Dat is se ek noch wol wat yn “de Adema’s” en yn “Jan en Wytske Adema”. Hieltyd mear froulju kieze derfoar om by it trouwen de famkesnamme (aparte manier om it wurd fan te omsilen) te hâlden. Dan ûntkomme we der net oan en neam beide nammen.

Do woest ris útsykje litte hoe’t froulike útgongen, lykas -ster, -in(ne), -es(se) oer de taak- en beropsoantsjuttingen ferdield binne; -ske kinst der ek yn behelje. Sokke ‘gendergefoelige’ wurden sille min troch genderneutrale te ferfangen wêze. Op heech nivo waard der tsien jier lyn oer diskusjearre of prinses Máxima har titel hâlde moast of dat se keninginne wurde mocht. Hast alle wurden mei sa’n froulike útgong hawwe twa betsjuttingen. In kosterske kin de frou fan in koster wêze, mar se kin sels ek koster wêze. Ik tink dat we har dan koster neame. De frou fan in boer neame we boerinne, mar in frou dy’t sels in boerebedriuw hat neame we boer. In boerinne kin sels in oar berop hawwe. As se les jout neame we har learares en net learaar, mar as se advokaat is, neame we har net advokaatske. In frou dy’t gedichten skriuwt, neame we dichteres, mar de Dichter fan Fryslân is op it stuit in frou!
No’t it him hieltyd faker foardocht dat minsken har net yn de twadieling frou-man thúsfiele en har non-binêr neame, sil it der wol op tagean dat in protte funksjes en beroppen oantsjut wurde mei it wurd dat earder brûkt waard foar it gefal dat in man dy funksje of dat berop hie. Koster en boer binne dêr foarbylden fan. In froulike bakker is net in bakster.

Ynklusyf taalgebrûk giet net allinne oer sekse en gender (hoe’t minsken har fiele en hoe dat te neamen), mar foaral ek oer komôf en hûdskleur. Dêr is noch in protte oer los te meitsjen. Dat moat in oare kear mar ris.

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

juny 13, 2023 07:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.