Wjerstân tsjin faksinaasje is fan alle tiden

juny 29, 2023 12:00

Skôging

Pier Bergsma kriget in hantekening yn syn boek. Foto Jelmer Bergsma

Master-ferhaleferteller en histoarikus Simon Schama kaam op sneontejûn 3 juny nei Rotterdam om syn nije boek In gezonde staat oer pandemyen en faksins ta te ljochtsjen. Ut syn ferhaal waard dúdlik dat yn it ferline de wittenskip it betiden ek tsjin ûnnoazelens en kweawilligens ôflizze moast.

Pier Bergsma

De Ingelske histoarikus wennet tsjintwurdich yn Amearika. Hy waard yn ús lân benammen bekend troch Overvloed en onbehagen. De Nederlandse cultuur in de Gouden eeuw. Yn dy wiidweidige stúdzje sketste er it sosjale en kulturele libben fan ús lân yn de santjinde iuw. Op it omslach stiet in skilderij fan Jan Steen út 1655 ‘De Delftse burgemeester’. It toant in boarger út Delft dy’t breedút en yn fol ornaat foar syn djoer hûs oan in grêft sit. Links fan him syn dochter yn rike klean. Rjochts fan him in earme frou mei in bern dat om jild freget, in bidler. Der wie krityk op dat mânske boek (682 siden) út 1988. “Hy wit eins te min fan de skiednis.” Fan de oare kant in soad wurdearring foar hoe’t Schama keunst en skilderijen mei ferhalen oer it deistich libben wist te ferbinen.

Schama is in ferhaleferteller en hy is fertroud mei Nederlân. Sneontejûn 3 juny hold er yn de Arminiussjerke yn Rotterdam in lêzing oer syn lêste boek In gezonde staat. Hoe pandemieën en vaccins de geschiedenis hebben bepaald. De jûn wie oankundige as in fraachpetear mei de skriuwer, mar fan dat petear kaam net in soad terjochte, want  Marianne Klerk kaam der amper tusken. Schama rint al nei de tachtich, mar hy kin goed út ’e wurden komme en wist de grôtfolle tsjerke – it wie útferkocht – goed te fermeitsjen. Myn âldste soan Jelmer hie tiden lyn al twa kaarten kocht.

De measte kranten hawwe omtinken oan it boek jûn. Op de webside fan útjouwerij Atlas Contact: “Ferhaleferteller Simon Schama fertelt oer de fûleindige striid tsjin pandemyen yn de 19e iuw. Sintraal stiet it prachtige ferhaal fan de geniale dokter-ûndersiker Waldemar Haffkine.

De skiednis is fol mei ferskriklike sykteútbraken, mar it hichtepunt waard berikt yn de njoggentjinde iuw. Sykten lykas goalera en de pest wiene in ramp yn de oerbefolke stêden. De taak fan se opkommende medyske wittenskip wie om de stjerte te kearen. Master-ferhaleferteller Simon Schama nimt de lêzer mei nei de laboratoaria dêr’t koartsich mei faksins wurke waard.

Sintraal stiet it prachtige ferhaal fan dokter-ûndersiker Waldemar Haffkine, in relatyf ûnbekende held, dy’t mei syn wittenskiplike ûntdekkingen tûzenen libbens rêde soe, mar dy’t ek troch syn joadsk komôf útskolden en ferstjitten waard. Yn tiden fan opkommende naasjesteaten en tanimmende ynternasjonale spanningen wie it foar wittenskippers as Haffkine frijwol ûnmooglik om selsstannich en objektyf te wurkjen. Schama lit knap sjen hoe’t de striid tsjin de pandemy ferweve rekke mei nasjonalisme en polityk, hoe’t goedwollende wittenskippers ôfhongen fan de kueren fan politisy en hoe’t sa de rin fan de natuer- en minsklike skiednis bepaald waard.

De grutte wearde fan de wittenskip en moedige ûndersikers
Yn de lêzing fan Schama kaam benammen de grutte wearde fan de wittenskip oan bar en fansels yn tsjinstelling dêrmei de komplotten. Troch de tiid hinne wiene it te faak de ‘frjemdlingen’, de bûtenlanners, de oaren, dy’t de skuld  fan de besmetlike sykten krigen. Dat de Joaden dêr net by sparre waarden, sil net gjinien fernuverje.

Ien fan de nijsgjirrichste ferhalen dy’t Schama fertelde gie oer Mary Wortley Montagu, dy’t al yn 1721 har beide sûne bern ynspuite mei ‘fergif’. Neffens guon dan. Frou Montagu wie derfan oertsjûge dat minsken dy’t besmet waarden troch in bytsje fûl guod (pus) út de pokken fan ien dy’t siik wie, holp om wjerstân op te bouwen tsjin de sykte. De earste wie dus net, wat ik altyd tocht, de lettere dokter Jenner (1749 – 1823). Beide, Montagu en Jenner hiene gjin idee hoe’t sokke besmetlike sykten no  krekt feroarsake waarden. Lykas no ûnderfûnen se wjerstân tsjin harren aksjes. Schama koe dat noch begripe, mar hy hie gjin inkeld begryp foar sokke anty-faksers fan tsjintwurdich lykas de gûverneur fan Florida Ron de Santis of de politikus Robert Kennedy jr.

Nei ôfrin wiene der in soad minsken, lykas iksels, dy’t in hantekening fan de skriuwer yn harren kochte boek hawwe woene.

Op de lêste side fan syn boek jout Schama de lêzers dit wize boadskip mei:

“In tegenspraak tot wat je voortdurend leest in de krantenkoppen van de sensatiepers of aanhoort in het gegil en geschreeuw op de sociale media, zijn er in onze historische nood geen buitenlanders, alleen maar naasten: één kostbare keten van verbondenheid, die we slechts met het grootst denkbaar gevaar voor onszelf verbreken.” (side 396)

Simon Schama, In gezonde staat. Hoe pandemieën en vaccins de geschiedenis hebben bepaald. (448 siden) Atlas contact € 34,99

 

juny 29, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.