Waarpraatsje: Waarm en oanhâldend drûch
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It is simmer en drûch en dat bliuwt it noch in hiel skoft. By it KNMI yn De Bilt is der al 28 dagen op rige gjin drip rein fallen. Reinwetter wurdt foarearst ek noch net ferwachte. Yn it wykein is it waarm oant tige waarm simmerwaar.
Sneon skynt de sinne hast de hiele dei en by in matige eastewyn wurdt it 23 graden op de Waadeilannen en 27 graden boppe it fêstelân fan Fryslân.
Snein kin it miskien noch wat waarmer wurde. By in soad sinne en in matige easte- oant súdeastewyn wurdt it 24 graden yn it Waadgebiet en om de 27 graden hinne mear de provinsje yn.
It waar foar moandei liket bot op dat fan it wykein. De sinne skynt wer hast de hiele dei en by in matige súdeastewyn wurdt it mei 25 oant 28 graden simmersk waarm. De nachten wurde fan freed ôf ek in hiel stik waarmer.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje