Waarpraatsje: Tongersdei oergongersdei

juny 7, 2023 19:38

Omkriten Wolvegea-Sonnegea. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Tongersdei is it yn Fryslân noch net al te waarm, mar fan freed ôf giet de temperatuer flink omheech.

Woansdeitenacht is it, nei alle gedachten, helder en by in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it 8 graden.

Tongersdei soe earst wer skier begjinne kinne, mar letter wurdt it sinnich. De wyn komt út it noardeasten en is matich, letter by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit op de Waadeilannen en by de noardlike kust lâns om de 15 graden hinne, mar mear de provinsje yn kin it in graad as 20 wurde.

Fan freed ôf giet de temperatuer yn ’e rjochting fan de 25 graden.

Jan Brinksma

juny 7, 2023 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.