Waarpraatsje: Simmer
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It is simmer, mar noch krekt gjin heechsimmer. Dat wurdt it letter yn ’e wike wol.
Moandeitenacht is it, nei alle gedachten, helder. De noarde- oant noardeastewyn is matich en it wurdt in graad of 8.
Tiisdei skynt de sinne flink, mar by de noardlike kust lâns en boppe de Waadeilannen kin de loft sa út en troch ek samar (foar in part) berûn wêze. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is matich. It sil yn it Waadgebiet net folle waarmer as 15 graden wurde. By de Fryske kust lâns wurdt it 17 graden en mear de provinsje yn kin it hast 20 graden wurde.
Woansdei feroaret der net in soad, mar fan tongersdei ôf wurdt it waarmer.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje