Waarpraatsje: Muorrefêst
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It waar sit muorrefêst en dat liket ek noch in hiel skoft te duorjen. Dochs giet it mei de sinne bot hinne en wer. It wie tongersdei skier en skrousk.
Tongersdeitenacht bliuwt de loft, nei alle gedachten, berûn. De swakke oant matige wyn komt wer út it noarden. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt 8 graden.
Freed soe de sinne sa út en troch wer skine kinne, mar it is hiel min te sizzen hoe let oft dat barre sil. In strieljende dei liket it net te wurden. De noarde- oant noardeastewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich. It wurdt in graad of 16.
Yn it wykein is de kâns op sinne wat grutter en it wurdt ek wat waarmer.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje