Waarpraatsje: Gjin feroaring
Resint ferskynd

Langwar. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in skiere tongersdei wie de sinne der freed wer goed by. It waar foar it wykein sjocht der ek goed út, mar hoefolle sinne oft wy krekt krije is noch ûnwis.
Sneon skynt de sinne, nei alle gedachten, hast de hiele dei. De swakke oant matige wyn komt út it noardeasten, mar boppe de Iselmar stiet in frij krêftige noardewyn. De temperatuer leit tusken 15 graden yn in stripe by de kust lâns en 19 graden mear de provinsje yn.
Snein feroaret der net in soad. De sinne skynt, mar hoefolle krekt, dat is tige ûnwis. By in matige noardeastewyn leit de temperatuer wer tusken 15 en 19 graden.
Moandei wikselje sinne en in berûne loft inoar ôf. De wyn komt dan wer út it noarden en it wurdt by de kust lâns 14 graden en 17 boppe it fêstelân.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje