It Waad fjirtjin jier Wrâlderfgoed, fiering mei moarnsbrochje
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
Sneon 24 juny is it fjirtjin jier lyn dat Unesco it Waad offisjeel as Wrâlderfgoed erkende. Lykas wenst wurdt dat op de lêste sneon fan juny fierd mei de Dei fan it Waad.

– Foto: Waadferiening
By de fiering wurdt stilstien by de bûtenwenstige skaaimerken fan it gebiet, krije besikers en bewenners de kâns om yn ’e kunde te kommen mei it Waad en wurdt syn kwetsberens beklamme. Yn gearwurking mei ûndernimmers út it Waadgebiet en de Waadferiening organisearret Visit Wadden op trettjin lokaasjes in moarnsbrochje.
Al fjirtjin jier Wrâlderfgoed
It Waad wurdt al fjirtjin jier lang beskerme as Wâlderfgoed en is útroppen ta it ‘Moaiste natuergebiet’ fan Nederlân. It is ien fan de lêste grutte tijgebieten dêr’t natuerlike krêften frij spul hawwe. Alle kearen dat men der is, is it oars. Wetter, slib en sân ferpleatse har mei it tij. Slinken en prielen soargje derfoar dat slyk- en sânplaten drûchfalle, wat rêstplakken biedt oan seehûnen en foerazjearplakken foar fûgels. De seeboaiem liket keal, mar is eins fol libben. Dat kwetsbere gebiet fertsjinnet beskerming, en dêrom wurdt jierliks de takende Unesco-status fierd.
Moarnsbrochje op bêd
In jierdei fiert men mei in brochje op bêd. By it Waad dogge se dat it leafste op ’e seedyk. Op trettjin lokaasjes fan Noard-Hollân oant Grinslân wurdt in moarnsbrogge servearre troch lokale ûndernimmers dy’t tichteby de dyk sitte. Minsken dy’t dat aardich fine, kinne oan it moarnsiten meidwaan. Sjoch dêrfoar op www.dagvanhetwad.nl. It moarnsbrochje op ’e seedyk wurdt mei mooglik makke troch Visit Wadden, de Waadferiening en trettjin ûndernimmers út it Waadgebiet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje