‘Utstoarn’ reptyl weromfûn yn Australië

juny 29, 2023 09:33

Biologen hawwe yn Súd-Australië eksimplaren fan in reptilesoarte fûn dêr’t fan tocht waard dat dy útstoarn wie. It krekte fynplak fan de Fiktoriaanske agame wurdt geheim holden om it bist te beskermjen.

Grûnagame (foto: Wikipedia/Benjamint444 eigen wurk – CC BY-SA 3.0)

De lêste kear dat it bistje sjoen waard wie yn 1969. Der waard tocht dat de soarte dêrnei útstoarn wie troch fersnipeling fan syn libbensgebiet, weidzjend fee en rôfdieren lykas wylde katten en foksen. Omdat der de ôfrûne jierren grute waard dat der waarnimmingen dien wiene, waard sûnt 2017 offisjeel nei it fyftjin sintimeter lange bistje socht. It reptyl makket diel út fan in famylje agamen dy’t gjin eargat of trommelflues hawwe en dêrom yn it Latyn Tympanocryptis hjitte, ‘ferburgen ear’.

Speurhûnen
De Australyske oerheid makket no jild frij foar in beskermingsprogramma, om foar te kommen dat de bedrige diersoarte dochs noch ferdwynt. Der wurdt in fokprogramma opset yn de dieretún fan Melbourne. Der wurdt ek 100.000 euro útlutsen om speurhûnen te learen mear eksimplaren te finen. “It bêste foar it weromkommen fan de Fiktoriaanske agamen is dat wy krekt witte wêr’t se sitte”, leit miljeuminister Plibersek út.

juny 29, 2023 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.