Undersyk: grutte ferskillen laadpealtariven yn Fryslân
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
As men in elektryske auto oplade wol by in publyk laadpunt, betellet men dêr yn de iene Fryske gemeente folle mear foar as yn de oare. Dat docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan Eco-Movement. By in laadpeal op Skylge (€ 0,60) is it bygelyks hast twa kear sa djoer as by sa’n selde laadpunt yn Waadhoeke of Opsterlân.

Foto: pixabay.com
Yn trochsneed kostet in kWh stroom by in Fryske laadpeal 44 sint, al binne der grutte ferskillen de gemeente. Waadhoeke en Opsterlân binne de goedkeapste gemeenten yn de provinsje. Dêr betellet men 31 sint de kWh stroom. Weststellingwerf is nei ferhâlding ek goedkeap (36 sint). Dêr komme noch wol de eventuele kosten fan jins laadpas by.
De djoerste gemeente is Skylge. Dêr moat men 60 sint de kWh deltelle. It is dêrmei sels de djoerste gemeente fan hiel Nederlân om jins elektryske auto op te laden.
De top 5 fan djoerste gemeenten yn ’e provinsje:
- Skylge: 60 sint de kWh
- Súdwest-Fryslân: 57 sint de kWh
- Dantumadiel: 50 sint de kWh
- Skiermûntseach: 50 sint de kWh
- Harns: 48 sint de kWh.
De trochsneed kosten de gemeente binne hjir te besjen.
Fryslân djoere provinsje
De auto oplade by in publyk laadpunt is yn Fryslân 11,3% djoerder as earne oars yn Nederlân. Nettsjinsteande dat is it net de djoerste provinsje. Dat is nammentlik Utert, dêr’t yn trochsneed sels 51 sint de kWh stroom betelle wurdt. Yn Drinte en Grinslân binne se ek djoerder út. De goedkeapste provinsje foar it opladen by in publyk laadpunt is Oerisel. Dêr is de priis de kWh yn trochsneed mar 31 sint.
Undergrûnske parkeargaraazjes it djoerst
Wat foar it opladen fan de auto betelle wurde moat hinget ek fan it type parkearplak ôf. It opladen yn in ûndergrûnske parkeargaraazje kostet yn trochsneed 16,8% mear as by in parkearplak op strjitte. Op parkearterreinen en yn ‘gewoane’ parkeargaraazjes betellet men ek mear as oan ’e dyk (+13,6%).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje