Undersyk: fjouwer op de tsien noarderlingen wolle op wurkfakânsje
Resint ferskynd
Wurk en fakânsje kombinearje? Yn de trije noardlike provinsjes sjogge goed fjouwer op de tsien ynwenners dat wol sitten. Drinten, Friezen en Grinslanners wolle foaral op wurkfakânsje om nije plakken te ûntdekken. Spanje liket harren dêr de ideaalste lokaasje foar, folge troch Yndonezië en Curaçao. Dat docht bliken út de Workation Index fan CheapTickets.nl.

Foto: pixabay.com
In protte noarderlingen wolle ek op wurkfakânsje om’t se de deistige sleur trochbrekke wolle. Untkomme oan de Nederlânske winter of handige feardichheden leare, fine de reisleafhawwers minder wichtich.
Top 10 bêste wurkfakânsjelokaasjes op ’e wrâld
Yn it ûndersyk wurdt ek yn kaart brocht wat de bêste wurkfakânsjeplakken op ’e wrâld binne. 120 bestimmingen wurde ferlike op basis fan ûnder oaren de libbenkwaliteit, kommunikaasjemooglikheden, berikberens en it klimaat.
De Spaanske stêd Las Palmas blykt de bêste wurkfakânsjebestimming op ’e wrâld. De haadstêd fan Gran Canaria hat dy eare foaral te tankjen oan it noflike klimaat, de hege libbenskwaliteit en de goede berikberens. De top 10 fan bêste wurkfakânsjelokaasjes op ’e wrâld:
- Las Palmas, Spanje
- Lissabon, Portugal
- Málaga, Spanje
- Palma de Mallorca, Spanje
- Heraklion, Grikelân
- Porto, Portugal
- Sevilla, Spanje
- Aalborg, Denemarken
- Nice, Frankryk
- Wenen, Eastenrijk
Bêste bestimmingen bûten Europa
Nettsjinsteande dat alle top 10 bestimmingen binnen Europa falle, kin men ek yn oare wrâldstêden poerbêst foar in wurkfakânsje terjochte. De bêste bestimmingen de regio binne: Johannesburg (Afrika), Taipei (Azië), Abu Dhabi (Midden-Easten), Las Vegas (Noard-Amearika), Perth (Oseanië) en Lima (Súd-Amearika).
Oer de Workation Index:
Mei de yndeks wurdt yn kaart brocht wat de bêste wurkfakânsjebestimmingen op ’e wrâld binne. It ûndersyk is basearre op goed hûndert ferskate renommearre databoarnen. 120 stêden en fakânsjebestimmingen binne mei-inoar ferlike. De seleksje fan bestimmingen is ta stân kommen op basis fan Skiphol-bestimmingen, Top City Destinations Euromonitor World 2019 en ECM 2022.
Yn de Workation Index wurde de bestimmingen ferlike op grûn fan seis ferskillende kategoryen: libbenskwaliteit, kommunikaasje, berikberens, klimaat en omkriten, loksgefoel en ôfreismoanne. Mear ynformaasje oer de ûndersyksmetoade is te finen op de ûndersyksside.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje