Twa koaren, twa konserten

juny 8, 2023 15:05

Vocaal Ensemble A Capelli út Grins en Vocaal Ensemble Leeuwarden, beide ûnder lieding fan David van Roijen, sille mei-inoar it Requiem fan Maurice Duruflé (1902-1975) útfiere. Dat dogge se  yn it wykein fan 17 en 18 juny yn Grins en yn Ljouwert.

It Requiem is in prachtich wurk fan rou en treast. It bliuwt tichteby de gregoriaanske orizjinele deademis en klinkt dochs modern, as in persoanlik ferhaal. De koaren wurde begelaat troch oargel en lyts orkest fan sechstjin ynstrumintalisten. Beide koaren sjonge dêrneist ek wurden fan Poulenc, Gesualdo en Villette. Stik foar stik prachtige, soms dryste komposysjes.

De solisten binne Hanneke Tichelaar, mezzosopraan en Jitze van der Land, bariton. Oargelist is Jochem Schuurman.

It konsert op sneon 17 juny yn Grins is yn de Nieuwe Kerk. It begjint om 20.00 oere. It konsert op snein 18 juny yn Ljouwert is yn it Koepelteäter en begjint om 15.00 oere.

De tagong kostet 15 euro; foar in hiele húshâlding 40 euro, te bestellen fia
https://www.ticketkantoor.nl/shop/DurufleGroningen of
https://www.ticketkantoor.nl/shop/DurufleLeeuwarden

Ynformaasje oer de koaren: www.acapelli.nl & www.vocaalensemble-leeuwarden.nl

 

juny 8, 2023 15:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.