Tûzenen jierren âld swurd dat noch glânzet yn Dútslân fûn

juny 19, 2023 08:25 Fernijd

Archeologen hawwe yn de Dútske dielsteat Beieren in brûnzen swurd fan goed trijetûzen jier âld fûn. It swurd is neffens de wittenskippers yn in tige goede steat en dêrtroch glânzet it noch wat.

Foto: Bayerischen Landesamts für Denkmalpflege

Op ’e foto binne de details op it achthoekige hânfet, dat neffens de archeologen in komplekse technyk fan smeien fereasket, noch dúdlik te sjen. It swurd hat troch oksidaasje in grieneftige kleur krige.

It komt selden foar dat sokke swurden noch fûn wurde, lit stean yn sa’n goede steat, skriuwt de Beierske tsjinst foar monumintesoarch yn in parseferklearring. De fynst waard ferline wike dien by Nördlingen, in stêd yn ’e midden fan de trijehoeke tusken Stuttgart, Neurenberg en München. Haadkonservator Mathias Pfeil leit út namme fan de tsjinst út dat it swurd fûn waard yn in grêf mei dêryn in man, frou en bern. It is noch net dúdlik wat de relaasje tusken it trijetal is. “Us archeologen moatte de fynst dêrfoar fierder ûndersykje. Mar wy kinne wol sizze dat it swurd yn in bûtenwenstich goede steat is. Sa’n fynst is tige seldsum.”

De archeologen rûze dat it swurd út ’e midden fan de brûnstiid (1400 foar Kristus) komt. Faaks wie it swurd in grêfgeskink. Der waarden ek ferskate pylkpunten fûn. Soartgelikense grêven yn Beieren út dy tiid binne yn de measte gefallen al plondere.

juny 19, 2023 08:25 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.