Tsientallen restaurants oplichte troch sabeare kleier
Resint ferskynd
Tsientallen restaurants yn Brabân hawwe te krijen hân mei in searjekleier. De man stjoerde resinsjes dêr’t er yn skreau dat er net tefreden wie oer it iten yn ’e hoop kompensaasje te krijen. Ferskate restaurants stjoerden him tegoedbonnen of joegen him syn jild werom, skriuwt Omrop Brabân.

Foto: pixabay.com
De resinsjes dy’t de kleier stjoerde, liken faak opinoar. Se begûnen posityf, lykas: “Geregeld komme wy hiel graach by jimme te middeisiten fanwegen de prachtige lokaasje en it hearlike iten.” Dêrnei kaam de krityk. It iten wie bygelyks net lekker of de betsjinning wie net op oarder. Op dy wize hope de kleier, dy’t hieltyd fan itselde adres ôf mailde, op in fergoeding.
Uteinlik is de man dochs troch de koer fallen. Hy stjoerde sawat itselde berjocht nei twa ferskillende hoarekabedriuwen, mei deselde eigener. De man beklage him soms oer gerjochten dy’t net iens op de kaart stiene. “In krityske resinsje hoecht net min te wêzen. It hâldt jin skerp”, seit foarsitter Tim Wijdemans fan de Keninklike Hoareka Nederlân yn Tilburch. “Mar dit is bespotlik. Men kin der dus net iens mear op betrouwe dat in besprek wol echt is.” Wijdemans pleitet dan ek foar in goede klachteproseduere. “Hoareakaûndernimmers wurdt oanrekommandearre om goed te kontrolearjen oft in klacht doocht. Net allinnich mailkontakt, mar skilje ek mei de gast.”
De kleier is ûnderwilens troch hoarekaûndernimmers oansprutsen. Oan Omrop Brabân hat er witte litten dat de resinsjes yndied fan syn mailadres ôfkomstich binne en dat er de ûntfongen kompensaasje oan de dupearre restaurants werombetelle hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje