Suksesfolle dei fan de Sealterfriezen
Resint ferskynd
De earste Dei fan de Sealterfriezen yn Ramsloh en Bokelesch ôfrûne sneon wie in grut sukses, seit Tjallien Kalsbeek fan it Seeltersk Kontoor. Mei mear as fyftich dielnimmers en in goede sfear kin de organisaasje op in slagge gearkomste weromsjen. De dei wie in mienskiplik inisjatyf fan Fryske Akademy, Seeltersk Kontoor en Seelter Buund. It haaddoel wie om in ferbining te meitsjen tusken de Sealterfryske mienskip en ûndersikers fan de Sealterfryske taal en skiednis.

Tjallien Kalsbeek (foto: Seeltersk-Kontoor)
De dielnimmers kamen út Sealterlân en omkriten, mar ek út oare dielen fan Dútslân, út Fryslân en sels út Japan. De Britske wittenskipper Stephen Laker, dy’t dêr wennet, kaam spesjaal foar de dei út Japan nei it Sealterlân en fertelde oer trije Deenske ûndersikers dy’t yn de santiger jierren yn it Sealterlân in protte stimmen op bân fêstlein hawwe, mar dy’t spitigernôch nea publisearre binne. Hy liet dêr in stik of wat fan hearre en joech oan hoe weardefol oft se foar de taalkunde binne. In bysûnder momint wie it doe’t ien fan de oanwêzigen de stim fan syn mem dêr yn werom hearde.

Renate Lüken-de Vries by de Johanniterkapelle yn Bokelesch (foto: Seeltersk-Kontoor)
Fierdere bydragen kamen fan Katarina Thomas (Fryske Akademy), Menno Aden, Bouke Slofstra (Fryske Akademy), Ingeborg Remmers & Edith Sassen (Litje Skoule Skäddel), Veronika Pugge (Seelter Buund), Henk Wolf (Seeltersk-Kontoor) en Renate Lüken-de Vries (ynformaasjesintrum fan de Johanniterkapelle Bokelesch). De folksdûnsgroep Sealterlân soarge foar in moaie muzikale bydrage, wylst Margot Tameling en Margret Göken (Seelter Buund) in grappige skets yn it Sealterfrysk opfierden.

Foto: Seeltersk-Kontoor
De Dei fan de Sealterfriezen is mooglik makke mei stipe fan it Nedersaksyske ministearje fan Wittenskip en Kultuer en it Bûnsministearje fan Ynlânske Saken en Heitelân.
Mear ynformaasje en foto’s binne hjir te finen: www.seeltersk.de/archiv/erster-dai-fon-do-seelter-gut-gelungen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje