Subsydzjeregeling foar oanpak ynvasive eksoaten yn Fryslân

juny 3, 2023 08:15

Foar de oanpak fan ynvasive eksoaten stelt de provinsje Fryslân 500.000 euro oan subsydzje beskikber foar 2023 en 2024. Dêrmei wol de provinsje ynsette op it bestriden fan ynvasive eksoaten, mar ek op it stimulearjen fan gearwurking tusken partijen en kennisûntwikkeling oer it behear en de bestriding fan dy soarten.

Waskbearhûn (foto: Albert-Erik de Winter)

Yn Fryslân komme ferskate ynvasive eksoaten foar. Dat binne plante- en bistesoarten dy’t hjir fan orizjine net foarkomme. Dy soarten ferspriede har fluch en ferkringe de lânseigen planten en bisten. Se bringe bytiden ek risiko’s foar de sûnens, ekonomy of feiligens mei. Tink oan de reuzebeareklau dy’t aaklike brânwûnen feroarsaket, de reuzereadskonk en de rivierkreeft dy’t de stevigens fan ús diken ferminderet of de grutte wetternâle dy’t rekreaasje op it wetter dreech makket.

De provinsje hat as taak om de yntroduksje fan nije ynvasive eksoaten tsjin te hâlden, wiidfersprate ynvasive eksoaten te behearskjen en de lânseigen natuer te beskermjen. Njonken in subsydzjeregeling is der in dashboard ynvasive eksoaten mei ynformaasje oer de soarten en de bestriding dêrfan. Oanlieding foar de oanpak is de beliedsnotysje Ynvasive Eksoaten Fryslân dy’t Provinsjale Steaten op 30 novimber 2022 oannaam. Yn totaal stelde Provinsjale Steaten 800.000 euro beskikber foar it ynvasive eksoatebelied.

Lettersierskyldpodden (foto: Albert-Erik de Winter)

Subsydzjeregeling
De subsydzjeregeling ynvasive eksoaten is opsplitst yn trije spoaren:

1) Subsydzje foar de bestriding fan eksoaten yn gebieten binnen Natura 2000 en Natuurnetwerk Nederland (NNN) en foar de kennisûntwikkeling dêroer. Foar elk projekt is maksimaal 25.000 euro beskikber.

2) Subsydzje foar meitsjen fan in gebietsplan troch ferskillende partijen foar de oanpak fan eksoaten bûten Natura 2000 en NNN. Bygelyks binnen in gemeente of foar in streamgebiet fan in rivier. It giet om maksimaal 10.000 euro it projekt.

3) Subsydzje foar gemeenten/terreinbehearders/lânskipsorganisaasjes om frijwilligersgroepen (eksoatebrigades) op te setten om eksoaten te romjen. It jild, maksimaal 10.000 euro, is bedoeld foar it oanskaffen fan bygelyks ark, beskermingsmiddels en organisaasjekosten.

Yn 2023 is der 250.000 euro beskikber (100.000 euro foar de earste subsydzjestream, 150.000 euro foar de twadde en tredde mei-inoar). Foar 2024 jilde deselde bedraggen. De subsydzjes binne fan 1 juny 2023 ôf oan te freegjen.

Mear ynformaasje oer de subsydzje is te finen op www.fryslan.frl/fy/subsydzjeregeling-ynvasive-eksoaten-fryslan.

juny 3, 2023 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.