Stellen Italiaansk skilderij nei sechstich jier weromfûn by feilinghûs Middelburg

juny 23, 2023 08:21 Fernijd

In út in Italiaansk museum rôve skilderijke is weromfûn op in keunstfeiling yn Middelburg. Dat berjochtet De Telegraaf. It wurk dat yn 1959 stellen waard út museum Civico Ala Ponzone yn Cremona waard troch in museummeiwurker opmurken.

‘L’eterno Benedicente’ fan Galeazzo Campi (boarne: Zeeuws Veilinghuis Middelburg)

It wurkje fan 16 by 22 sintimeter fan likernôch 500 jier âld waard oanbean troch feilinghûs Korendijk. Doe’t de meiwurker fan it Italiaanske museum seach dat it oanbean waard, skeakele er it keunstteam fan de Italiaanske plysje yn dy’t dêrnei harren Nederlânske kollega’s warskôgen. It wurk bliek by it feilinghûs ynbrocht te wêzen troch in man dy’t ynboelen fan huzen opkocht. “Hy bliek it al in skoft yn syn besit te hawwen en wist net mear wêr’t it wei kaam. It wichtichste foar ús wie dat it wurk weromfûn is. De Italianen wiene echt tige optein”, seit Richard Bronswijk fan it Team Keunstkriminaliteit fan de plysje yn de krante.

It wurk ‘L’eterno Benedicente’ fan de skilder Galeazzo Campi (1475-1536) is in ôfbylding fan God. De wearde wurdt rûsd op fiiftûzen euro. Der is noch in protte ûndúdlik oer de rôf fan it panieltsje. “It museum sjocht no yn de argiven nei mear details oer de rôf”, seit Bronswijk.

It wurdt nei alle gedachten wol lestich om de rôvers of de opdrachtjouwers fan de rôf te finen, seit Bronswijk yn it NOS Radio 1 Sjoernaal. “Foaral nei sa’n lange perioade is dat in probleem. Dan hawwe sokke skilderijen al yn safolle hannen west dat it net te dwaan is. En it laat ek ta neat, om’t de ferjierringstermyn fan stellerij tolve jier is.”

Yn it museum Civico Ala Ponzone hingje ek bekende wurken fan Giuseppe Arcimboldo en Caravaggio. It skilderij fan Campi wurdt troch de Carabinieri ophelle, seit Bronswijk. “Hja reizgje oer de hiele wrâld om harren kultureel erfgoed werom te heljen. Dan giet it net allinnich om skilderijen, mar ek om archeologyske foarwerpen út de Romeinske tiid. Dêr binne se tige grutsk op.”

juny 23, 2023 08:21 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.