Soarte- & Sleatsjedei Ljouwerter Bosk
Resint ferskynd
Op snein 11 juny organisearret it Natuermuseum Fryslân de jierlikse Soartedei yn de Ljouwerter Bosk. Dy deis geane eksperts mei it publyk op ’e siik nei nije soarten planten en bisten. Dit jier is dat wer yn gearwurking mei IVN-ôfdieling Ljouwert en omkriten, dy’t alle jierren in Sleatsjedei hâldt. Bern wurde dêrby útdage om echte sleatsje-eksperts te wurden.

Foto: Natuermuseum Fryslân
De Ljouwerter Bosk is troch it Natuermuseum bestimpele as bûtenlokaal. Ferskate edukative programma’s bringe bern dêr yn kontakt mei de libbene natuer. Dêrneist wurdt in protte ûndersyk yn de Ljouwerter Bosk dien, sadat mear bekend wurdt oer de oanwêzige floara en fauna. De Soartedei draacht by oan dy grutskalige ynventarisaasje fan de bosk. Alle waarnimmingen wurde trochjûn op waarneming.nl. Sa is ûnderwilens bekend dat goed 3000 ferskillende soarten planten en bisten yn de bosk libje.
De hiele dei troch wurde der ekskurzjes holden. Under begelieding fan eksperts geane dielnimmers op ’e siik nei ûnder oaren fûgels, ynsekten en spinnen. Foar in beheind tal dielnimmers is der in kano-ekskurzje, dêr’t de sleatten by ferkend wurde. Tusken de ekskurzjes troch kinne bern mei meiwurkers fan it IVN wetterbistjes yn ’e sleat fange. Dy wetterbistjes kinne mei help fan in sykkaart op namme brocht wurde.
Praktysk
De Soarte- en Sleatsjedei wurdt holden op snein 11 juny tusken 10.00 en 17.00 oere. Sintraal punt is Rêstpunt-Bûtensintrum Ljouwerter Bosk. Dat is te finen op fyftich meter fan de krusing Havankleane en Fjouwerhústerwei. Dêr sille ek de ekskurzjes begjinne. Parkearje mei de auto is inkeld mar mooglik op it parkearterrein Ljouwerter Bosk yn ’e bocht fan de Havankleane.
It programma mei ekskurzjes is te finen op de webside fan it Natuermuseum. De kanotocht begjint om 12.00 en om 14.00 oere, ek by it Rêstpunt. Der is in beheind tal plakken beskikber foar it kanofarren. Oanmelde giet fia hbarelds@natuurmuseumfryslan.nl. Foar oare ekskurzjes hoege minsken har net oan te melden. Alle ekskurzjes en aktiviteiten binne fergees.
Oanret wurdt om by in ekskurzje kuierskuon oan te dwaan en by in fûgelekskurzje in kiker mei te nimmen. As bern wetterbistjes fange wolle, is it handich om learzens te dragen.
Mear ynformaasje is te finen op www.natuurmuseumfryslan.nl en www.ivn.nl/slootjesdagen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje