Sina wol foar 2030 taikonauten op ’e moanne sette
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
Sina wol foar 2030 taikonauten op ’e moanne sette. It Sineeske romtestasjon Tiangong wurdt útwreide, hat it Sineeske romte-agintskip oankundige.

Tiangong (foto: Wikipedia/Shujianyang – CC BY-SA 4.0)
De plakferfangend direkteur fan it Sineeske romte-agintskip joech op in parsekonferinsje gjin spesifike datum. Sina riedt him earst ta op in “koart ferbliuw op it moanne-oerflak en in mienskiplike ferkenning fan minske en robot”, fertelde de adjunkt-direkteur fan de Sineeske bemanne romtefeartorganisaasje oan ferslachjouwers. Hoelang oft dat koarte ferbliuw duorje moat, sei er net.
De Sinezen stelden ek de trije nije taikonauten foar dy’t ferline wike nei it romtestasjon ôfsetten. Hja ferfange in bemanning dy’t de ôfrûne seis moanne op it baanstasjon libbe hat. Under de nije bemanning sit foar it earst in boarger, berjochtet parseburo Reuters. Alle foargeande bemanningsleden kamen fan de militêre fleugel fan de Kommunistyske Partij. In prefester oan it ûndersyksynstitút foar loft- en romtefeart yn Peking, foeget him by de misjekommandant en de romtefeartyngenieur. De bou fan it Tiangong-romtestasjon soe yn novimber al klear wêze. Mar no blykt der dochs noch in útwreiding te kommen “om de stipe fan wittenskiplike eksperiminten te stypjen en foar bettere wurk- en libbensfomstannichheden fan de bemanning”, ljochtet de plakferfangend direkteur ta.
It romtefeartprogramma fan Sina waakst rap oan. It lân wol konkurrearje mei de Feriene Steaten. Sawol Sina as de Feriene Steaten tinkt deroer om ek permaninte bases op de moanne te pleatsen dy’t beminske wurde. Njonken harren moanneprogramma’s hawwe de Feriene Steaten en Sina ek rovers op Mars lânje litten. Peking is ek fan doel om de Feriene Steaten te folgjen by it delkomme litten fan in romtereau op in asteroïde. Oare lannen en organisaasjes, fan Yndia en de Feriene Arabyske Emiraten oant Israel en de Europeeske Uny, planne ek moannemisjes.
Blue Origin
Foarige moanne makke NASA buorkundich dat Blue Origin, it romtefeartbedriuw fan techmiljardêr Jeff Bezos, ien fan de romtereauwen bouwe sil dêr’t astronauten oer in jiermannich yn op ’e moanne lânje sille. De moannelâner is ornearre foar de Artemis V-moannemisje, no pland foar 2029. It is de twadde moannelâner dy’t foar NASA’s nije moanneprojekt ûntwikkele wurdt. It romteskip foar de earste twa lâningen yn it programma (Artemis III en IV) wie al yn 2021 selektearre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje