Ried fan de Fryske Beweging fernijt

juny 9, 2023 08:30

Op de gearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging yn Marsum op 15 maaie koe it útstel om de Ried in nije struktuer te jaan noch net oannommen wurde. It fereaske tal minsken mei stimrjocht wie doe net oanwêzich. Earjuster wie der in twadde gearkomste. Foar sa’n twadde omloop jildt – neffens it karbrief fan de Ried – gjin minimum oantal stimhawwende leden mear. Lykwols wie it grutste part fan de oansletten organisaasjes presint. Mei in grutte mearderheid fan stimmen (acht tsjin ien) is it útstel diskear al oannommen. Der wiene wol opmerkingen oer wat de kritearia krekt binne foar organisaasjes om ta te treden ta de nij yn te stellen Advysried. It bestjoer sil de rjochtlinen dêrfoar oanskerpje. Der wurdt ynkoarten in ôfspraak makke mei in notaris om de akte te passearjen. De oansletten organisaasjes wurde op ’e hichte holden. Dêrnei sil frege wurde wa’t in sit ynnimme wol yn de advysried.

juny 9, 2023 08:30
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 juny 12, 09:46

    Fan reorganisaasje nei advysried nei ûndersykskommisje nei enkête nei in nije webside en fan in brede ynterne diskusje nei noch in karbriefwiziging nei nije bestjoersleden nei greide-oerlis nei fernijïng. De Ried fan de Fryske Beweging beweecht in protte. Foaral yntern.

  2. Arjen J. Dijkstra july 4, 19:32

    Moast wolris eefkes oan dyn organisaasje wurkje om 2.0 te wurden. De Ried hat aardich stappen set om yn de takomst fierder te kinnen.

    Dat de Ried foaral yntern beweecht, dat kloppet lykwols net, at ik it jierferslach en de nijsbrieven besjuch!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.