Pioenroaskonsert 2023 om Tsjisse Hettema hinne
Resint ferskynd
‘Goeie, achteleaze besiker,
Jo stean op it punt in goede deal te dwaan mei de tiid:
Relax en lit it oer jo komme’
Dat riedt dichter Tsjisse Hettema (1955-2021) de besikers fan syn website oan (www.tsjissehettema.nl). Itselde jildt foar it Pioenroaskonsert dit jier, dat yn it teken stiet fan syn wurk: in hommaazje oan in dichter mei muzyk, poëzy, en byldzjende keunst.
Muzyk
It closeharmonykwartet Yellow Hammer iepenet mei in komposysje ynspirearre op syn gedichten en sjongt fierder in breed repertoire, fan pop, jazz oant klassyk.
Poëzy
De dichters Arjan Hut, Sipke de Schiffart en Syds Wiersma drage gedichten fan en oer Tsjisse foar.
Byldzjende keunst
Filtkeunstenares Aafje Bouwer (frou fan Tsjisse) eksposearret dizze middei filtwurk, resultaat fan harren projekt tegearre: Hewwy dát, de lêste dichtbondel fan Tsjisse, dy’t yn 2021 útkommen is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje