Pier: Taalefterstân, oare tiid, oar idee

juny 8, 2023 12:00

Boarne: Afûk

Kollum

Der wurdt ivich klage oer it taal- en lêsûnderwiis op skoallen. Bern hawwe der gjin muoite mei om mear talen tagelyk te learen. Dat betsjut net dat de skoalle ek elke taal oanbiede moat of kin.

Ut en troch kom ik de foto tsjin. Ik stean tsjin de sinne yn te sjen efter in lytse houten kroade. De foto moat makke wêze doe’t ik fiif jier âld op in beukerskoalle siet. Ik tink by it ‘buerthûs’ yn Jobbegea. Ik haw amper op in beukerskoalle west. Dat jildt foar in soad bern fan myn generaasje. Tsjintwurdich geane alle bern fan fjouwer jier nei de basisskoalle om te boartsjen en om te learen, mar de ideeën oer it learen fan taal en talen binne troch de tiid hinne noch al feroare. Sa hawwe de measten fan myn generaasje, ik bin fan 1944, nea Frysk op skoalle hân.

De komst fan emigranten yn de sechstiger en santiger jierren fan de foarige iuw betsjutte dat net alle fjouwerjierrigen Nederlânsk prate koene. De taalefterstân fan guon wie grut. Dat wie soarchlik. It wie begryplik dat de oerheid besocht om dat probleem op te lossen.

Yn 1974 naam it regear in beslút oer de saneamde OALT (Onderwijs in Allochtone Levende Talen). It gie benammen om Turksk en Arabysk. It idee wie om de bern net allinne yn it Nederlânsk, mar ek yn harren memmetaal op te heinen. Dat waard al gau ûnmooglik mei safolle kultueren en safolle talen. Boppedat levere it net op wat derfan ferwachte waard en op 19 maaie 2004 waard it OALT ôfskaft.

Tsjintwurdich wurde oare programma’s brûkt om de ‘taalefterstân’  fan bern oan te pakken, mar dat smyt al te faak ek net op wat derfan ferwachte wurdt.

Wat is eins taalefterstân? In Ingelsktalige fjouwerjierrige dy’t yn ús lân komt te wenjen hat in taalefterstân yn ferliking mei de oare bern yn de groep. Op wat langere termyn sil it gjin obstakel wêze om in plak yn ús maatskippij te finen. Dat leit oars foar bern fan migranten út lannen mei in totaal oare kultuer en mei in taal dy’t net besibbe oan ús talen.

Dan sil der mear nedich wêze. Taalfeardigens fan bern hat te krijen mei in soad faktoaren. Bern leare de taal fan harren âlden en de omjouwing. De echte behearsking fan taal of talen hat ek te krijen mei oanlis, en dêr hawwe skoallen en miljeu net folle ynfloed op. Boppedat docht bliken dat te folle klam op taalfeardigens by beukers al te faak betsjut dat it boartsjen en oare saken dy’t foar jonge bern fan belang binne oan ’e krapperein komt.

Der is de lêste fyftich jier in soad ûnderfining opdien mei it learen fan taal en talen oan bern. Noch hieltyd binne guon âlden benaud dat der te folle tiid oan it Frysk jûn wurdt. Dat soe neidielich wêze foar it learen fan de Nederlânske taal. Ut wiidweidich ûndersyk docht bliken dat dêr gjin reden foar is. Ek al omdat it totaal net te ferlykjen is mei dy OALT fan de foarige iuw. Boppedat binne Frysk en Nederlânsk beide libbene talen yn ús provinsje.

juny 8, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.