Oer de biografy fan Tony Feitsma

juny 18, 2023 15:26

Foar minsken dy’t wat mear oer de biografy fan Tony Feitsma, skreaun troch Liuwe H. Westra, witte wolle en foar dy’t it boek (wol of net) lêzen hawwe is der tiisdei 27 juny in jûn oer op Tresoar.

Nei in ynlieding dêr’t Westra yn fertelt oer syn oanpak, komme Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, en Hanneke Hoekstra, dosint moderne skiednis oan de RUG, oan it wurd oer it belang fan de biografy as tagong ta de skiednis fan de wittenskip (frisistyk) en de (Fryske) Beweging en oer de fraach yn hoefier oft dy biografy mear fertelt as allinnich it ferhaal fan ien persoan. Is it de biograaf slagge om ek in byld te jaan fan de Fryske Beweging en de Fryske wittenskip yn de 20ste iuw?

De jûn wurdt holden yn De Gouden Leeuw (yn Tresoar) en begjint om 19.30 oere.
Elkenien is fan herten wolkom; tagong en kofje en tee binne fergees. Wol graach efkes oanmelde.

Sjoch ek https://www.itnijs.frl/2022/03/liuwe-h-westra-biografy-tony-feitsma

 

juny 18, 2023 15:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.