Nij wittenskipsprogramma ‘Focus’ mei Petra Grijzen

juny 10, 2023 08:17 Fernijd

Fan sneon 10 juny ôf, alle wiken om 20.00 oere by de NTR op NPO 2 en as podcast, op YouTube en de sosjalemediakanalen.

Focus is de nije multymediale titel fan NTR Wetenschap. Is der in krisis, dan wurdt hoopfol nei wittenskippers sjoen hoe’t dy helpe kinne. Op telefyzje giet Petra Grijzen op ’e siik nei harren oplossingen foar de problemen fan dizze tiid. Mei yn alle ôfleveringen in nij ûnderwerp. It programma is fan sneon 10 juny ôf alle wiken te sjen om 20.00 oere op NPO 2. It is de opfolger fan Atlas, dêr’t Petra Grijzen wykliks wittenskippers by yn de studio ûntfong.

Foto: ©NTR

Wynmûnen op see, platte ierde en post-covid
Yn de earste ôflevering, op sneon 10 juny, giet it oer wynmûnen op de Noardsee: flok foar de natuer? Petra Grijzen folget wittenskippers dy’t it effekt fan de mûnen op it libben op see ûndersykje. Sil de natuer de priis foar de enerzjytransysje betelje?

Op 17 juny giet it oer komplottinken. Frou Grijzen is dan te gast by in platte-ierdekonferinsje, dêr’t minsken har besykje sille te oertsjûgjen fan it idee dat de ierde hielendal net rûn is. En se praat mei wittenskippers oer ûndersyk nei komplottinken.

Op 24 juny en 1 july is it tema: siik nei koroana. De twa ôfleveringen geane oer de lêste stân fan saken yn it ûndersyk nei post-covid. Petra giet op besite by pasjinten en wittenskippers.

Petra Grijzen (foto: ©Sabine Bison)

Deselde ûnderwerpen en mear komme oan bod yn de Podcast Focus, te finen yn alle podcast-apps mei ferdjipping, op it YouTube-kanaal fan Focus (foar in jongere doelgroep) en de sosjalemediakanalen lykas Instagram (wittenskipsnijs fia byldferhalen).

Focus is foarearst fan sneon 10 juny o/m 12 augustus alle wiken te sjen op NPO 2 en no al as podcast. Sjoch ek op NTR Wetenschap.
juny 10, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.