Midsimmer yn Fryslân; de mienskip yn ’t sintsje
Resint ferskynd

Foto © Peter Salanki
Eltse simmer slûpt er ûngemurken foarby: de langste dei fan it jier. Hjoed-de-dei sjogge wy der eins net mear nei om. Yn ús ferline wie dat wol oars. De sinnekear wie in bysûnder barren mei spesjale betsjutting. Yn ’e rin fan ’e jierren is it feest lykwols út Fryslân ferdwûn. Mar wat ferlern gien is, kin fansels op ’e nij betsjutting krije. Foar Fryslân hat it Midsimmerfeest nammentlik grutte potinsje. It past by ús skiednis en mienskip. Boppedat hawwe wy as Friezen wol ferlet fan in eigen feestdei dy’t yn hiel Fryslân fierd wurde kin.

Foto © jenny_maria_lucia
Wytsingen en goaden
It Midsimmerfeest is ûntstien yn de tiid fan de Wytsingen. De langste dei fan it jier wie doe in magysk barren mei de goaden yn de haadrol. Mei spesjale rituelen fregen hja de natuer om harren te helpen en te beskermjen. Se songen en dûnsen foar fruchtberens en om sykten bûten de doar te hâlden. It wie ek in tiid om tebek en foarút te sjen. Se giene noch wat waarme en fruchtbere tiden temjitte, mar dêrnei wie it dochs echt tiid foar de froastreuzen om werom te kommen.
Ferdreaun troch de tsjerke
Nei de tiid fan de Wytsingen krige de tsjerke aloan mear ynfloed. Mar dy hie it net sa op it Midsimmerfeest, dat ommers in heidenske oarsprong hie. Omdat it net slagge om it feest te ferbieden hat dy it ynearsten oernommen. Mei in kristlik sauske gie it feest op 24 juny fierder as Sint-Jan, dat yn Fryslân Hantsje Plús neamd waard. De midsimmertiid stie hjir bekend as ‘plústiid’. Mar nei ferrin fan tiid wie it mei de plústiid yn Fryslân ek dien. De tsjerke hie allegear gebrûken en tradysjes ferbean en rjochte har hieltyd mear op de krysttiid en de Peaske. Op de measte plakken stoar it feest sa út. Mar benammen yn Skandinavië is de tradysje bewarre bleaun. Yn Sweden is it sels in fêste feestdei wurden, dy’t yn it hiele lân fierd wurdt.

Foto © Ulf Bodin
Feest fan mienskip en bûtendoar
It krystfeest kenne wy as in typysk famyljefeest, mar Midsimmer siket it meastentiids grutter. It is nammentlik by útstek in feest dat troch de mienskip fierd wurdt. Dit kin bygelyks mei freonen, buorlju of doarpsgenoaten wêze. Fan âlds hie dat in sosjale funksje. It fersterke de ûnderlinge bannen en soarge derfoar dat minsken inoar better fine koene as se it in kear dreech hiene. Kom dêr noch mar ris om yn tiden fan yndividualisearring. Dêrnjonken is it in feest fan bûten út en bûtendoar. Yn Sweden binne de winkels ticht en streame de stêden leech. De minsken lûke massaal nei it plattelân ta om dêr Midsimmer te fieren. En dêr meitsje hja der wurk fan om it kreas oan te klaaien. Se moatte fansels in bytsje knap yn ’e klean en de iene tún leit der noch kreazer by as de oare. Fierder steane de tafels fol mei allegearre typyske hapkes en drankjes.

Foto © Emma Danielsson
Midsimmer yn Fryslân
Yn prinsipe is Midsimmer in desintraal barren, dat fan ûnderen op organisearre wurde kin troch elkenien dy’t dêr mar ferlet fan hat. Mar tradysjes ûntsteane net samar en kinne wol wat help fan boppen ôf brûke. Dêrom soe it moai wêze as de media Midsimmer delsette as in barren foar en troch de Fryske mienskip. Dêr stel ik ek by foar om de Fryske Top 100 in healjier te ferskowen. Wêrom yn it skaad stean fan de Top 2000 as wy ús eigen feestje organisearje kinne? Fryske muzyk kriget sa in eigen plak yn de jierkalinder en kin de midsimmerfestiviteiten stypje. De perioade foarôf is sawol geskikt om oandacht te generearjen foar it feest as om omtinken te jaan oan de Fryske muzyk. Twa miggen yn ien klap soe ik sizze.
Simmer yn Fryslân is al in ding, no Midsimmer noch!

Foto © Susanne Hultman
Klaas Groen | Grinsgefål
Mastodon | Twitter | Linkedin
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje