Maitiidswaarmte (gedicht)
Resint ferskynd
Maitiidswaarmte
De sinne skynde
dy dei de klean
fan jonge en fan âlde lea.
Eltsenien bliid,
dat de maitiidswaarmte
wûn fan kjeld en rein en wyn.
In eachweid om te sjen
wat waarmte oan it ljocht brocht
wie it yn alles lykwols net.
Der wiene dy toanden harren
– ûnbeskamme –
de skjintme fier foarby.
Hiene se ’t net troch,
of woene se ’t net witte,
dat we
– in leeftiidsgrins passearre –
yn amper klaaide steat
it meast noch lykje
op in plôke fûgel?

Boarne: pixabay.com
Waar te nimmen wiene
flodderjende boppe-earms
fan froufolk,
net mear yn ’e iere jonkheid,
hingjend boarstwurk,
weagjende magen, boljende liven,
oer broeksriemen pûljend fet,
grôtfolle sealtassen,
ôfsakjende efterwurken,
trillebiljende boppeskonken,
ûnder trijekwart broeken
útstekkende, molkwite prikstokken,
en yn iepen sandalen
stutsen knobbelteannen.
Maitiidswaarmte – hearlik.
Inger Wets
Hiel werkenber! Prachtich!