Maarten van der Weijden docht Alvestêdetocht no ek fytsend en rinnend
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Maarten van der Weijden hat earder de Alvestêdeswimtocht ôflein. Mar sûnt snein giet er foar in Alvestêdetriatlon: 200 kilometer swimme, 200 kilometer fytse en 200 kilometer rinne. De NOS docht yn gearwurking mei KRO-NCRV ferslach fan de prestaasje.

Maarten van der Weijden (foto: Omrop Fryslân)
Yn 2018 besocht Van der Weijden foar it earst om de Alvestêderûte swimmend ôf te lizzen om jild foar kankerûndersyk yn te sammeljen. Dat besykjen moast er nei 163 kilometer opjaan om’t er siik waard. In jier letter slagge it by in twadde besykjen wol. Hy lei de 195 kilometer doe yn trije dagen en goed twa oeren ôf.
De eardere Olympysk kampioen is sneintemoarn om 6.30 oere úteinset. De hiele krêfttoer moat oant en mei sneon 24 juny duorje.
18 o/m 21 juny: swimme yn alle alve stêden by de Alvestêderûte del;
21 juny: 200 km fytse oer de Alvestêderûte;
21 o/m 24 juny: 200 km rinne oer de Alvestêderûte.
Mei dizze Alvestêdetriatlon is it ek wer de bedoeling om jild foar kankerûndersyk op te heljen. Minsken kinne in stikje meiswimme, fytse of rinne, mei as doel om noch mear jild yn te sammeljen.
Van der Weijden is net de earste dy’t de Alvestêdetriatlon ôfleit. Yn july ferline jier levere Stefan van der Pal deselde prestaasje. Hy die ek in wike oer de tocht: fiif dagen swimme, sân oere fytse en 32,5 oere hurdrinne.
Van der Weijden is 24 oere deis te folgjen fia in livestream fan NOS Sport. Alle dagen, oan it begjin fan de jûn, wurdt yn in programma fan goed trije kertier op NPO 1 ferslach dien fan Van der Weijdens prestaasjes en de sfear by de rûte lâns. Herman van der Zandt presintearret it en praat mei gasten dy’t in bân mei Fryslân hawwe of dy’t út ferskillende ynfalshoeken wei wat oer it tema kanker fertelle kinne.
O/m 24 juny is op it YouTube-kanaal fan NPO 3 alle dagen in ôflevering te sjen fan De Alvestêdetriatlon Estafette, dêr’t sân bekende beynfloeders, wêrûnder Donny Roelvink, Thomas van der Vlugt (StukTV) en Sylvana IJsselmuiden, yn in grutte estafette oan de Alvestêdetriatlon meidogge. Op Radio 5 hat Bert Kranenbarg tusken 16.00 en 18.00 oere omtinken foar de tocht yn it programma BertOp5.
Oprop: De organisaasje ropt minsken op om de lêste fiif kilometer mei Maarten van der Weijden te rinnen en sa diel út te meitsjen fan syn Alvestêdetriatlon. Dielnimmers ûntfange in spesjaal Maarten van der Weijden T-shirt as oantinken. Oanmelde kin op www.maartenvanderweijden.nl.
Bywurke: Maarten komt nei alle gedachten snein 25 juny om 9.00 oere hinne oer de einstreek.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje