Gabrielle Terpstra: Klassike horrorferhalen yn modern jaske

juny 9, 2023 08:22

Filmskôging

Wat de krekt útkommen films Renfield (Chris Mckay) en The Boogeyman (Rob Savage) mei-inoar mien hawwe is dat se de fokus lizze op de stroefe, fêstrinnende relaasjes fan de haadrolspilers.

Unlykweardige relaasje
Yn Renfield, dy’t oer de helper fan Graaf Dracula (Nicolas Cage) giet, wrakselet Robert Renfield (Nicholas Hoult) mei syn ûnlykweardige relaasje mei Dracula. Dracula is in fampier dy’t net tsjin sinneljocht kin en bloed fan minsklike proaien nedich hat om te oerlibjen, dêrom hat er in minsklike help, Renfield. Hy wurket al jierren foar Dracula, mar komt der fia in praatgroep efter dat er eins brûkt wurdt.

Ferlies
Yn The Boogeyman, in ferfilming fan in Stephen King ferhaal út 1973, giet it oer de relaasje tusken in heit (Chris Messina) en syn twa dochters. Aldste dochter Sadie (Sophie Thatcher) wrakselet mei it ferlies fan har mem. Se siket stipe by har heit, mar dy kin net mei syn fertriet omgean. It praten oer dat ûnderwerp komt er tefoaren. Jongste dochter Sawyer (Vivian Lyra Blair) is ûnderwilens op ’e siik nei ien dy’t it meunster út har kast ferjeie kin, mar net ien liket har te hearen.

Eangst
Yn beide films moatte de personaazjes mei harren eangsten leare om te gean om it ta in goed ein te bringen. Renfield moat leare om op eigen fuotten te stean en om him te fersetten tsjin Dracula en de heit yn The Boogeyman moat leare om oer de dea fan syn frou te praten.

Net spannend
Beide films binne fan kwaliteit tige matich. Renfield, wat in horrorkomeedzje is, is totaal net spannend of yslik. It ferhaal falt ôf en de grappen binne flau. De akteurs, lykas Nicolas Cage dy’t lekker oerdreaun aktearje mei, komme wol ta harren rjocht en lykje in soad wille te hawwen yn harren rollen.
Yn The Boogeyman is it ferhaal standert en wurdt der foaral wurke mei heftige skrikeffekten om it in bytsje spannend te hâlden. It yrritantst oan de film is dat it meunster yn de kast benaud is foar ljocht, mar dat net ien gebrûk makket fan de bûslampen op harren smartphone, wylst dy wol yn byld binne. Posityf is dat de bylden hiel moai binne en de sfear dy’t oproppen wurdt boeiend is.

Al mei al wiene se beide wol fermaaklik om te sjen. We jouwe se beide 3 stjerren.

juny 9, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.