Keunst en Fryske gedichten by fytsrûte ‘IIsbaan yn ’e maaitiid’
Resint ferskynd
Ferline wike iepene Lutz Jacobi de miny-eksposysje IIsbaan yn ’e maaitiid op it Gemeentekantoar fan Ljouwert. Dat wie ek de iepening fan de nije iisbaankeunstrûte by tolve iisbanen lâns. Frou Jacobi is foarsitter fan Fytsplatfoarm Nederlân, in organisaasje dy’t de belangen fan de rekreative fytser behertiget. In fytsrûte mei iisbanen as tema slút dêr goed by oan. De eksposysje is de hiele moanne juny te sjen. De rûten binne te finen yn it fergeze boekje IIsbaan yn ’e maitiid en online fia www.iisbaankeunstrute.frl.

‘IIsbaan Hijum’ fan Hendrik Elings (boarne: Tresoar)
Gedichten, skilderijen en foto’s
Trije fytsrûten, fan 98 kilometer, 68 kilometer en 56 kilometer, liede de rekreanten by tolve iisbanen yn Fryslân lâns. By de iisbanen steane buorden mei gedichten yn it Frysk of in streektaal, skilderijen en foto’s. In QR-koade op de buorden makket it mooglik om de dichter dy’t it gedicht foardraacht te hearren. Bysûnder is dat ien fan de gedichten ek yn gebeartetaal foardroegen wurdt. Njonken de tolve iisbanen binne der noch trije sichtlokaasjes: de iisbanen fan Wikel, Hylpen en Flylân binne gjin ûnderdiel fan in fytsrûte, mar se binne wol foarsjoen fan in gedicht, skilderij en foto. De buorden bliuwe stean oant 1 novimber 2023.
Fergees boekje
Ynformaasje oer de rûten is sammele yn it boekje IIsbaan yn ’e maaitiid. Yn syn foaropwurd ferwurdet kommissaris fan de Kening, Arno Brok, dat iisbanen en Fryslân byinoar hearre; reedride is ûnderdiel fan ús DNA. Mar wat bart der mei in iisbaan yn ’e maitiid? As der gjin wetter op leit? De iisbaan yn ’e maitiid is de ynspiraasje foar Fryske dichters en keunstners en is it tema fan de fytsrûten wurden. It boekje is fergees te krijen by ûnder mear toeristyske ynformaasjepunten en fytsferhierbedriuwen.

‘IIsbaan Mûntsjesyl’ fan Baukje Venema (boarne: Tresoar)
Skiednis
Yn 2020 is it keunstboek IIsbaan yn ’e maaitiid útjûn. Der wiene doe ek in eksposysje en lêzingen pland, oant koroana alles yn ’e war skopte en neat trochgean koe. It boek is de basis wurden fan dit nije projekt dat útwreide is mei fytsrûten, buorden en in webside. Der binne ek nije skilderijen, foto’s en in gedicht oan taheakke.
Sichtberens Frysk en streektalen yn de iepenbiere romte
De fytsrûten mei de buorden en it boekje binne mooglik makke troch Provinsje Fryslân. It gehiel draacht by oan it doel om de Fryske taal en streektalen yn de iepenbiere romte sichtberder te meitsjen. It gedicht yn gebeartetaal fergruttet ek de sichtberens fan dy unike taal. Sa komme trije taalgebieten byinoar: it Frysk, de Fryske streektalen en gebeartetaal.
Sjoch ek: www.iisbaankeunstrute.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje