Kabaret op it strân fan Skylge

juny 10, 2023 08:18 Fernijd

Fan ’t simmer binne der yntime en komyske optredens op it strân fan Skylge. Klapstoelkabaret strykt wer del by it Strânhotel Skylge. Fan woansdei 16 o/m freed 18 augustus kin men oan see mei de teannen yn it sân en mei de ûndergeande sinne as dekôr optredens fan Vlamousse en Bovenste Knoopje Open sjen.

Klapstoelkabaret (foto: Korthals Stuurman Theaterbureau)

It kabaretduo Vlamousse stiet bekend om syn skamteleaze earlikheid. It skittere ferline jier as finalist fan it BNN-programma Ik ga stuk. Bovenste Knoopje Open stiet bekend om syn Nederlânsktalige muzyk en skerpe ferhalen fol humor en maatskiplike belutsenheid. Klapstoelkabaret by Strânhotel Skylge yn Formerum is ûnderwilens alle simmers fêste prik.

Skylge is ien fan de bysûndere plakken dêr’t it bûtenpoadium foar kabaret en ferdivedaasjekeunst hinne giet. Sa stiet Klapstoelkabaret op snein 11 juny ek by Teetún Slappeterp fia Teäter de Koornbeurs. Op it poadium binne hieltyd optredens fan twa artysten út de Klapstoelseleksje te sjen, dy’t bestiet út kabaretiers dy’t stik foar stik al festivals en prizen wûnen.

It is de fiifde kear dat Klapstoelkabaret – oprjochte yn koroanatiid troch Korthals Stuurman Theaterbureau – mei kabaret, sprutsen wurd, komeedzje en muzyk deropút giet. It idee foar Klapstoelkabaret is yn ’e maitiid fan 2020, mei de earste tichtplicht, ûntstien. Troch middel fan in mobyl poadium koene kabaretiers en ferdivedaasjekeunstners yn ’e bûtenlucht trochgean mei optreden doe’t de teäters ticht wiene. It publyk naam sels in klapstoel mei.

It konsept waard sa omearme dat Klapstoelkabaret fan ’t simmer weromkomt. Anne Neuteboom, Thijs van de Meeberg, Kiki Schippers, Luan Buleshkaj, Vlamousse, Patrick Nederkoorn, Tim Kroezen, Selma Visscher, Ramon Chatrer, Pieter Verelst en Bovenste Knoopje Open trede op it bûtenpoadium op.

Klapstoelkabaret is fan juny oant en mei septimber troch hiel Nederlân te sjen. Sjoch op www.klapstoelkabaret.nl foar de spyldatums en kaartsjes.

juny 10, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.