Janna van der Meer: Under wetter yn ’e feangreide
Resint ferskynd
Bloch
De Nije Mieden – buorkje yn it Fryske feangreidegebiet (5)

Sleat mei ielstikel, yn in stik lân fan De Nije Mieden. Foto © Janna van der Meer
“Yn sûne sleatten is it in hiele drokte”
In petear mei ekolooch en ûndersiker Koen Brouwer, dy’t De Nije Mieden by it telen fan tuorrebouten stipet.
Ferskilt sleatswetter yn feangreidegebieten fan wetter yn oare gebieten?
“It wetter yn feangebieten liket somtiden op tee. Dy donkere kleur komt fan de oerbliuwsels fan planten dêr’t fean út bestiet. It wetter yn feangebieten is ek faak soerder, benammen yn ferliking mei wetter út rivieren.
Tsjintwurdich wurdt lykwols faak rivier- of kanaalwetter yn ’e polders litten. Dêrtroch ferskilt wetter yn feangreidegebieten net mear sa bot fan oar wetter. Der is dus sawat deselde floara en fauna te finen as oeral yn Nederlân.
Foarbylden fan bisten dy’t je in protte yn sleatten sjogge binne: larven fan kokerjuffers, libellen en dûnsmiggen, wetterflieën, reedriders, wetterspinnen, poelslakken, moksels, rêchswimmers, ensafuorthinne. En dan fansels fisk, lykas stikelbears, iel, foarn, brazem, karper en snoek.”
Hoe is de kwaliteit fan it wetter?
“De kwaliteit fan it wetter yn sleatten, kanalen en marren foldocht net oan de noarms fan de Kaderrichtlijn Water. Dat is in Europeeske rjochtline dy’t de kwaliteit fan it wetter garandearje wol. Salang’t dêroan foldien wurdt, kin in sûne wettermienskip bestean. Dat is yn Nederlân dus net it gefal. Dat komt benammen troch te folle dong, gemikaliën en medisynresten. Troch it brûken fan keunstdong en jarre komt yn it wetter stikstof en fosfaat frij. In protte plante- en bistesoarten kinne dat net ferneare, wurde siik en stjerre.”
Hoe sit it mei it wetter fan De Nije Mieden?
“Dit lânboubedriuw is biologysk. Dêrtroch sil der minder fergif, stikstof en fosfaat yn it wetter wêze. Mar om it wetterpeil te behâlden wurdt hjir ek wetter út it kanaal yn de poldersleatten litten.
Yn de Nije Mieden is de wetterstân heech. Dêr wurdt ûntbining fan it fean yn ‘e boaiem mei tefoaren kommen en dat is geunstich. Boppedat is hjir koartlyn mei in proef begûn foar it kweken fan tuorrrebouten. Tuorrebout kin in protte fiedingsstoffen út ‘e boaiem en wetter opnimme. Dêrtroch is it wetter dat út in stik lân mei tuorrebouten streamt meastentiids folle skjinner as it wetter dat deryn giet. Dus wettersuvering troch planten! Trochdat de stâlen tige ticht opinoar steane, kin sa’n perseel mei tuorrebouten ek it bestean fan alderhande wetterbisten stypje. Bisten dy’t wol yn feanen en tichte rivierbegroeiïng foarkomme, mar yn it iepen wetter fan sleatten en marren gjin kâns hawwe.”
By De Nije Mieden hawwe se grutte buizen ûnder de dammen oanlein. Wêr is dat goed foar?
“Dat is goed foar de fisk. Se kinne no makliker oeral hinne swimme. In protte fisken wolle bygelyks ridzje en kûtsjitte op plakken mei ûndjip en planteryk wetter. As se dy plakken net berikke kinne, komt harren fuortplanting yn gefaar. Der is sa neat fan te sjen, mar yn sûne sleatten is it in hiele drokte!”
Is ûnderwetterlibben in saak fan belang?
“Ik fyn it gewoan prachtich! Fierder is elk organisme diel fan it itensweb. Alles is mei alles ferbûn. Wetterflieën, larven fan miggen, oare ynsekten en ek guon fisken romje algen op. Wetterrôfkevers, libellelarven en fisken ite ynsektelarven, wat ynsektepleagen tefoaren komt. En fansels profitearje bygelyks de sweltsjes fan de dûnsmiggen, dy’t út de sleatten komme.
Guon larven hawwe spesifike planten nedich. Bygelyks, in seldsume libel – de griene glêsmakker – hat ielstikel nedich. Ielstikel is in plant dy’t benammen yn leechfeangebieten groeit, mar allinnich yn skjin wetter. As it wetter te smoarch is en ek as de sleatten hekkele wurde, ferdwynt de ielstikel en kin de griene glêsmakker har aaien net lizze, sadat dat moaie ynsekt ferdwynt.”
Is dat ferkeard?
“Dy fraach moat elkenien mar foar himsels beänderje.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje