Jaap Slager: Poatleadsuteler
Resint ferskynd
Kollum

Foto: pixabay.com
Al sitte we sa’n fyftich kilometer stream op fan ’e riviermûning ôf, wy hawwe hjir noch altyd de ynfloed fan eb en tij… mei in fertraging fan goed trije oere. Dy trankyl pulsearjende beweging sit de lju hjir ek wat yn it bloed – de wrâld leit harren wol sljocht. Dat hat neffens my ek wat mei it moarske komôf te meitsjen. Wy hawwe yn it Westen noch de yllúzje dat wy ús lot yn eigen hân hawwe… as we der mar boppe-op sitte. De profeet Mohammed wie lykwols fan betinken: It hat neat gjin sin en rin jins lot nei, want jins lot rint jin wol nei. Dy yn westerske eagen wat fatalistyske libbenshâlding fynt men teffens werom yn de hertsearige Portugeeske muzykfoarm fado (= lot).
Mar ho ris, hear ik jim al roppen, binne de Moaren net withoelang lyn al fan it Ibearysk Skiereilân ferdreaun? Jawis! Mar hoe giet soks yn syn wurken? Men kin fan tinken wol hawwe dat sok ferdriuwen him beheinde ta wat eallju en pommeranten yn de kulturele sintra, dy’t hastich werom nei Afrika útfilen, foar’t der op harren lúkse jacht beslach lein waard.
It plattelân lykwols, dêr feroare net safolle foar. Dat hie neffens my foar de stedslju ek skraabjen by de kant om wurden, as de boer-en-dy de seine derby delsmiten hiene en op harren pream fan wâl stutsen wiene. Nee, de boer… dy ploege wol troch. Dy hie foar ’t neist net iens erch yn de machtswikseling. Dat hoe soe er witte moatte dat de nije bewâldslju it smoar op de moar yn hiene? Allahû akbar!

Spek op ‘e deizen. Foto © Jaap Slager
Mar ja, ferdraachsumens is meast net it sterkste punt fan religys. Dat doe’t de ynkwisysje de foarsje waard, krige de boer rillegau foar de fernullen dat in baarch yn ’t hok en wat spek op ’e deizen wûndertsjûgen fan it wiere leauwe wiene. Dêrfandinne, tink, dat oant hjoed-de-dei bargefleis foar in sus en in leur te keap is. Of fleis fan de evert (javali), want der ûntkaam en ûntkomt jin wolris ien, no? En dat is wer spek foar de bek fan de jager; se binne hjir slij nei wyldsjitterij.
Ik wit noch dat ik as lyts jonkje mei ús heit ‘de boer op’ gie. In hússlachting waard meld oan ’e fleiskeuringstsjinst en ús heit moast der dan hinne om te sjen oft alles hâns foar foets wie. Wy seagen fan fierren de baarch al mei de jas iepen nonsjalant tsjin de gevel fan de pleats hingjen, as in foech poatleadsuteler dy’t ús wolkom hjitte. Dy oerheidsbemuoiïng wie de boeren net earlik wolkom, mar se hellen noch wol de stroom fan it karkas ôf, foar’t ús heit mei it mes útskeat.
Oerheidsbemuoiïng hawwe se hjirre noch nea fan heard. Men hoecht yn ‘e slachtmoanne allinne mar op it gûlen ôf te gean en men fynt in bear op ‘e dyk. It mes wurdt hantearre fan ien dy’t wit hoe’t de sturt oan ’e baarch sit. De eigener-en-dy diele wilens sûpkes út oan passanten.
De oerheid? Dy sil harren woarst wêze.

Tsien Geboaden yn ‘e Alentejo
De Tsien Geboaden yn ’e Alentejo
- Libje om út te rêsten
- Hâld dyn bêd yn eare, it is dyn tempel
- Ast ien sjuchst dy’t útrêst, help him dan
- Rêst oerdeis út, sadatst nachts sliepe kinst
- Wurk is hillich; dat… net oankomme
- Doch hjoed net watst moarn ek dwaan kinst
- Wurkje sa min as it mar wat kin; want wat dien wurde moat, wurdt wol troch in oar dien
- Trankyl, der is noch nea ien dea rekke troch út te rêsten, mar kinst dy wol sear dwaan ast wurkest
- Ast ferlet fielst om wat te dwaan, gean dan efkes sitten oant it wer oergiet
- En ferjit foaral net: wurkjen jout sûnens; dat… lit it oer oan immen dy’t siik is
Wat in geef Frysk! Genietsje!