It Sealterfrysk grammatikateam kriget stipe út Japan

juny 26, 2023 08:24 Fernijd

De beskriuwing fan it Sealterfrysk giet troch mei stipe út Japan. De Ingelskman dr. Stephen Laker wurket by de Kyushu University. Hy hat him by de ploech fan dr. Eric Hoekstra en Bouke Slofstra fan de Fryske Akademy yn Ljouwert oansletten. Hja skriuwe in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk.

Dr. Stephen Laker (priveefoto)

Dy komt ein fan it jier op de webside taalportaal.org, dêr’t al wiidweidige grammatika’s steane foar de talen Nederlânsk, Afrikaansk en Westfrysk. De grammatika op taalportaal.org is op de taalwittenskip rjochte en tsjinnet foaral as neislachwurk foar de ynternasjonale ûndersyksmienskip.

Hoekstra beskriuwt de sinstruktuer fan it Sealterfrysk foar Taalportaal, Slofstra nimt de wurdfoarming oer en Laker sil him dwaande hâlde mei de fonetyk. Hy wurdt ek begelaat troch dr. Jörg Peters (Universiteit fan Oldenburg), dy’t al in tal ynformative stúdzjes oer de útspraak en yntonaasje fan it Sealterfrysk publisearre hat.

Troch syn stúdzje Ingelske taalskiednis en dialektology kaam Laker yn kontakt mei it Frysk. Sa’n tweintich jier lyn begûn er oan de Universiteit Leien by dr. Rolf Bremmer om Aldfrysk te studearjen. Hy krige doe basiskennis fan it Westfrysk oan de Universiteit fan Amsterdam by dr. Siebren Dyk. Hy wurke letter as lektor yn histoaryske Ingelske dialektology oan ‘e Universiteit fan Manchester en is no heechlearaar Ingelske taal oan ‘e Kyushu Universiteit yn Fukuoka, Japan. Yn ’e rin fan de jierren hat er njonken syn ûndersyk nei de Ingelske taal ek artikels publisearre oer de skiednis fan de Fryske taal en dialektology.

Stephen Laker giet fan ’e wike op besite yn Sealterlân. Hy docht ûnder oaren mei oan de Dei fan de Sealterfriezen op 24 juny yn Ramsloh, dêr’t er ferslach docht fan in lêzing oer de fjildûndersyksreis fan trije Deenske taalkundigen nei it Sealterlân yn 1972.

Laker hat de lêste jierren hieltyd mear belangstelling foar it Sealterfrysk, mar koe troch reisbeheiningen net nei it Sealterlân reizgje: “It is bekend dat it Sealterlân altyd dreech te berikken is, mar ik hie gjin rekken holden mei de reisbeheiningen fan de ôfrûne jierren”, skriuwt er. Laker sjocht dernei út om einliks nei it Sealterlân te kinnen.

juny 26, 2023 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.