In busfol Friezen nei de Upstalsboom

juny 2, 2023 19:30

Tiisdei 30 maaie wie it de ‘tredde Pinksterdei’ sa’t it wol sein wurdt. De dei dat fanâlds by de Upstalsboom (Aldfrysk: Upstallesbâm) yn Auwerk de Friezen út de Fryske lannen byinoar komme. Al yn de tolfde iuw kamen dêr de rjochters en oare heech oanskreaune ôffurdigen, om rjocht te sprekken yn skelen dy’t te grut wiene om binnen de eigen rjochtsgebieten út te iten, om ôfspraken te meitsjen tusken de gebieten ûnderling en by need de Fryske Frijheid te ferdigenjen. Oer hoe’t se inoar stypje koene en soene as der driging en oanfal fan bûtenôf wie. It wie dit jier krekt 700 jier lyn dat de ‘Willekeuren’ fan de Upstalsboom oannommen waarden. Suver wat in kroanjier dus.

Foto © Martsje de Jong

No wie it by âlds sa dat de ôffurdigen fan de Fryske lannen mei de Peaskedagen keazen waarden en sa gie it dit jier ek: krekt foar de Peaske ferskynde de earste oprop foar leafhawwers om har oan te melden foar in busreis nei dit histoaryske plak. Alfred Plantinga en Martsje de Jong hopen, krekt as yn 2022, in moai keppeltsje minsken byinoar te swyljen en dat slagge.

Sa rieden der dy tiisdei 48 Friezen en ien West-Fries yn in grutte bus nei East-Fryslân.

Foar’t de ynhâld fan ’e bus útstoart waard oer it hillichdom fan Auwerk/Rahe, waard der alderearst in stop makke yn Leer, dêr’t elk de stêd efkes yn koe, of nei it Slot Evenburg kuierje koe. Lykwols, om fiif oere moast de reis nei Auwerk fuortset wurde, dêr’t om healwei sânen de jierlikse betinking wêze soe. Der blieken ek noch in stikmannich Friezen op eigen manneboet dat út reizge te wêzen en mei in knap tal East- en in pear Noard-Friezen, siet der in grutte keppel folk klear foar de sprekkers.

Histoarikus Oebele Vries kaam, lykas ferline jier, oan it wurd en dizze kear naam er de minsken mei nei it jier 1323, doe’t de Willekeuren oannommen waarden. Dêr stie yn beskreaun dat de Fryske lannen inoar helpe soene mei liif en goed as der driging fan bûtenôf wie. Dat wie yn dy tiid wol nedich, want der wiene nochal wat ‘bûtenlânske hearskers’ dy’t it op de Fryske lannen foarsjoen hiene. Dat dy ôfspraken op papier mear wurdich wiene as yn ’e praktyk die wol bliken doe’t yn 1345 de Greve fan Hollân miende dat er Fryslân oanfalle en ynnimme moast. De ‘kollega-Fryslannen’ giene derfoar omlizzen en dus moast ús hjoeddeisk Fryslân himsels mar rêde. Dat ha se ek dien; dat betinke wy op 26 septimber by Warns.

Ek Arno Brok spruts. Foar in part yn it Dútsk, mar ek in kearmannich wiidweidich yn it Frysk en foaral foar it Frysk. Hy wol en sil mei de fûst op ’e tafel slaan as it giet om de lykweardige behanneling fan it Frysk yn Nederlân en om de lykweardige behanneling fan alle talen, nettsjinsteande it tal sprekkers en skriuwers, yn Europa. Hy wol dêryn ek nauwere gearwurking sykje mei de East- en Noard-Friezen. De harkers klapten fûl, it foel deryn as in preek yn in âlderling. It is te hoopjen dat de resultaten fan syn ideeën mei gauwens sichtber en hearber wurde.

Foto © Martsje de Jong

De East-Fryske Jungfraïske Maïnskup hie lytse protestbuordsjes mei dy’t omheech holden waarden as der yn it ‘gewoane’ Dútsk praat waard, wat almeast it gefal wie. Sy makken dêrmei dúdlik dat op in gearkomste lykas dizze by de Upstalsboom in Fryske taal, hokker fan de fiif dan ek, praat hearde te wurden. It East-Frysk, Noard-Frysk en Westerlauwerske Frysk klonk wol, mar net faak en folle. Om oer it Sealtersk en it West-Frysk mar te swijen. By de neisit wie dat al oars, en elk dy’t syn of har eigen Frysk prate, koe de oare ferstean. In feest om soks te fernimmen.

Foto © Martsje de Jong

De gearkomste yn Auwerk soe ta ferbining liede moatte. Ferbining tusken de ûnderskate Fryslannen, mar ek ferbining tusken de Friezen ûnderling. Inoar hearre en ferstean is mear as inkeld it fysike hearren en ferstean, it hat ek in mentaal aspekt. Begryp hawwe foarinoar en foar in oar. Dat kin wêze by it buffet, dat elk dy’t mei-yt heart ôf te rekkenjen, mar ek yn it betinken fan nije aktiviteiten. Net op it eigen eilantsje rûnom tuskentroch sile en eigen dingen dwaan, mar gearwurking sykje. Sa’t dat eartiids yn de Willekeuren ek as doel én middel fêstlein waard.

Foto © Martsje de Jong

It wie in moaie dei, op in bysûnder plak. Arno Brok fernuvere him oer it grutte tal Friezen dat yn in bus nei Auwerk kommen wie. Hy hie oars ek wol mei de bus wollen, sei er. Hie er it berjocht, dat oars wol oan de Provinsje stjoerd wie, net krige?

Hawar, takom jier wer in kâns. Dy’t mei wol kin him mar melde.

juny 2, 2023 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.